Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE121 - Fan de duvel net bang

Een sage (boek), maandag 23 oktober 1978

Hoofdtekst

Fan de duvel net bang
Dat ferhaal fan âlde Johannes van der Zee, dêr is destiids bot oer praat woarn. Hy wie fêst arbeider by Bonne Sjoerds. Hy wenne hjir op 'e heide (Sumar) en dan moast er de paden del (de Gariper kant út). Hy koe ek binnentroch gean, de Pastorijeloane del. It jout de measte eigenskip dat er dat die—dan moast er tusken de âlde diken en âlde wâlen troch.
Wy ha him noch wol kend, it wie in raar man yn syn jeugd, in raar man, yn ien wurd út. Der wie gjin raarder yn 'e hiele omkriten. Elkenien wie stjerrende benaud fan him. Yn 'e herberch yn Sumar hie er ferskate kearen sitten te swetsen fan: 'Ik bin fan'e duvel net bang'.
En doe op in moarntiid moast er nei Bonne Sjoerds te melken en doe kaam er hjir de paden del. Doe stie der ien yn 'e wâl en dêr gong er op ta en hy sei: 'Moarn!' Mar hy krige gjin azem. Jehannes sei noch ris: 'Moarn!' en doe frege er: 'Kinstû net prate, of wolstû net prate?' En hy waard noch wat mûniger. Mar doe seach er, dat dy oare gjin fuotten hie. En dyselde dy't gjin fuotten hie dy krige him by de hûd en sabele him boppe oer de beammen hinne en hat him noch in oplawibus neijûn. De duvel skopte him noch foar de kij wei, doe't er te plak wie, hat heit wol sein. Heit leaude it ek sterk. Dat moat hjir op 'e Pastorijeloane bard wêze. Johannes hat noait wer út tsjerke mist, sont him dat oerkommen wie.

Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Een man is niet bang voor de duivel. Wanneer hij op een dag koeien gaat melken bij een boer, krijgt de boer geen adem en blijkt hij geen voeten meer te hebben. De man krijgt vervolgens een pak rammel van de boer. Sindsdien heeft de man geen kerkdienst meer gemist.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 132

Commentaar

23 oktober en 2 november 1978
Verhaal verteld samen met Tamme H. Hooijenga.
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter)

Naam Overig in Tekst

Johannes van der Zee    Johannes van der Zee   

Bonne Sjoerds    Bonne Sjoerds   

Naam Locatie in Tekst

Sumar    Sumar   

Pastorijeloane    Pastorijeloane   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20