Hoofdtekst
Foartsjirmerij by ambachtslju
De duvel makket altyd misbrûk fan 'e tiid—fan 'e bygelovichheid fan 'e minsken. Dat leau ik grif en de histoarje wiist it út. Omke Ultsje, ús heit syn broer, hat timmerman west yn Koudum en hy hie winterdei net folle wurk. Op in kear kaam der in houtkeapman by him en doe hienen se fan dy ferhaaltsjes Iyk as de minsken yn dy tiid plichten te hawwen. 'No', sei dy man tsjin omke: 'Jo mochten wol wolle, dat der wat leven yn it deakistehout kaam'. Dêr lake omke wat om, want dat wie net sa'n bygelovige man. 'Mar ik kin jo wol fertelle', sei de keapman, 'dat komt út, dan komt der wurk!'
Hawar, de jûns leit er mei Antsje-muoi op bêd en it is tsjin in oere of toolf. Hy hat der, tink ik, oer lein te prakkesearjen, yn alle gefallen, hy heart de houtrôle gean. Sjoch, op 'e kant fan 'e houtsouder dêr lei de houtrôle, dêr skoden se dan de planken by del. Hy heart de houtrôle, en dan seit er: 'Hearsto it ek, Antsje?''Ja', seit se.
Se gean der hiel stil tegearre ôf. Omke seit: 'No nimsto it lampke, en ik de tange. Ik doch de doar iepen en dan litsto dalik it Ijocht der op falle'. Hy tinkt, dat der dieven binne. En wylst se four de doar stean, is it spul noch yn folle gong. Hy docht de doar iepen, en stil is 't! No ja, it earste dat er dan seit is: 'Ik ha 't my fansels ferbylde'.
Se lizze wer op bêd, en it begjint op 'e nij, presys gelyk. Se dogge wer itselde: omke de tange en muoike it lampke—dêr siet doe noch sa'n bleakerke efter. En wer: wylst se foar de doar stean, is 't noch yn folle gong, mar hy docht de doar iepen en 't is út! 'No', fertelde omke, 'doe ha 'k de Heare bidden, dat er my gjin wurk jaan soe —dat ik der mar net yn leauwe soe'. En doe ha se it net wer heard. Ik nim oan, dat dit foar hûndert persint de wierheid is. De man is letter evangelist wurden. Dat wie echt yn dy tiid; doe spekulearre de duvel op 'e bygelovichheid fan 'e minsken.

Beschrijving
Het is winter en er is niet veel werk voor timmerlui. Een houtkoopman zegt tegen een timmerman dat er weer eens wat meer doodskisten besteld zouden mogen worden, en vervolgens beweert hij dat dat ook echt zal gebeuren. 's Nachts hoort de timmerman hout zagen. Hij gaat kijken, maar op het moment dat hij de deur opendoet, verdwijnt het geluid. Dit gaat een paar keer zo, totdat de timmerman tot God bidt en zegt dat hij niet meer werk hoeft te hebben, als de vreemde geluiden maar stoppen. Hij heeft de geluiden nooit meer gehoord.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 137-138
Commentaar
21 december 1972
Naam Overig in Tekst
Omke Ultsje   
Antsje   
Heare (God)   
Naam Locatie in Tekst
Koudum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20