Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE127b - Foartsjirmerij by ambachtslju

Een sage (boek), vrijdag 11 februari 1972

Hoofdtekst

Foartsjirmerij by ambachtslju
Tseard de Boer hat it my ferteld. Dat is in soan fan Sytse de Boer, in âld bakker yn Easthim. Se wennen dêr foarhinne yn in âld hûs, in âlde bakkerij. As se dan jûns op bêd leinen, wie it krekt, oft der guon de treppen op en del rûnen. Se hearden ek gestin, oft se mei moalsekken de treppen op kamen. En dan smieten se dy sekken op 'e souder. As se dan jûns op bêd leinen, seinen se faak: 'Hè, dêr begjint dat geseur wer!'
En op in jûn—dat wie grappich—doe lei Tseard op bêd en doe kaam der wer ien oan. Hy tocht, dêr ha je dat gemier wer! Mar doe gong de keammerkedoar iepen en der aaide him in hân oer de holle. 'Hei, ferhip fint!' rôp Tseard. 'Wurde jo dêr kjel?' frege in stim. Doe wie it de Iytsfeint, dy't thúskaam en dy't dêr ek sliepte.

Beschrijving

Een bakker hoort 's nachts iemand lopen op de trap. Ook hoort hij zuchten en steunen, alsof iemand met meelzakken de trap op komt. De meelzakken worden vervolgens op de zolder neergesmeten. Dit gaat bijna iedere avond zo. Op een avond hoort de bakker het geluid weer. De kamerdeur gaat open en hij krijgt een aai over zijn hoofd. De bakker begint te schreeuwen, totdat blijkt dat het de knecht is die in dezelfde kamer slaapt.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 138

Commentaar

11 februari 1972

Naam Overig in Tekst

Tseard de Boer    Tseard de Boer   

Sytse de Boer    Sytse de Boer   

Easthim [Oosthem]    Easthim [Oosthem]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20