Hoofdtekst
Lytse Eldert, Grutte Eldert en de swarte ruter
Op in plak midden yn 'e heide hûsmannen twa keardels. De iene wie Iyts en de oare grut. Dêrom waarden se Lytse Eldert en Grutte Eldert neamd. Op in kear spande de Grutte allegear triedden oer de heide, wite triedden. Doe frege Lytse Eldert: 'Wat moatte dy triedden dêr dwaan?' 'Dêr fange wy minsken mei', sei Grutte Eldert.
Sy gongen op in plakje sitten en it duorre net lang, dêr barste in tried en dêr skeaten se hinne. Doe sei Grulte Eldert tsjin de Lytse: 'No moatstû him by de poaten krije en dan sil ik him oer de weareld smite'.
Sa sein, sa dien. Der siet in man yn'e triedden fertiesd; hy seach Lytse Eldert net, want dy kroep troch de heide. Hy krige him fan ûnderen beet en loek him de skonken ûnder it gat wei. Doe pakte Grutte Eldert him.
'Wat sille wy dêr no mei?' frege de Lytse.
'Dû moatst dy stilhâlde! Dy slachtsje wy daliks'.
'Och man', sei de Lytse, 'mar ik mei gjin minskefleis!'
'Wat praatste! Dat iten datstû fan my krigeste dat is allegear minskefleis'.
'Oh! No wol ik wol leauwe, dat ik sa Iyts bleaun bin—minskefleis dêr is de kracht út'.
'Dat is net wier, jonge', sei Grutte Eldert, 'ik bin der ommers grut fan wurden'.
'Mar Grutte Eldert dy sil wol folle mear hân ha as minskefleis'.
'No ja, ik haw ek wol ris in pear haskes hân'.
'No wol 'k it wol leauwe, want in hazze kin hurd rinne'. Sjoch, Grutte Eldert koe ek hurd rinnen, skean oer de heide.
Sa sieten se dêr mennich kear, te minskefangen en te hottefyljen. En doe kaam dêr in swarte ruter oan, op in hynder. Dat hynder hjitte fan Moar. De ruter sprong fan 't hynder en frege Grutte Eldert, wat dit te betsjutten hie, mei dy triedden. Watfoar gedonder hienen se, want dit wie syn fjild, syn jachtfjild.
Doe frege Grutte Eldert, oft hy dan jager wie. Dat soe er him fertelle, sei de ruter, en hy taaste oer de side. 'Sjoch', sei er, 'dit is myn gewear. En pak no op—en dy triedden fan 'e heide ôf en hjir noait werkomme!'
De swarte ruter hat dêr jierren omavenseard, en net ien dy't him oait krije koe. Yn 't lêst doe trof er in skeper en dy skeper frege him, oft er wol wiste, dat der alearen in oarloch west hie? Dat wist de swarte ruter noch mâle skoan, sei er, want dêr wie hy fan oerbleaun. En doe woe de skeper witte, wêr't hy, de swarte ruter, wenne. Doe sei er, hy wenne nearne!
'Nearne?'frege de skeper.
'Nee'.
'Dat is my in libben riedsel'.
Ja, doe sei de swarte ruter, it wie allegear syn bêd, likefolle wêr't er ek wie. 'Mar it hynder dan?'frege de skeper. Dat hynder sette er op in goed plak del. En as hy, de ruter, hjir of dêr sin oan hie, dan gong er mar njonken it hynder lizzen en dat hynder rette oeral mei. Dat er yn 'e hannen hie, dat die Moar. It wie him gehoarsum, sei er, en dat wie foldwaande foar him.
De swarte ruter hat dêr jierren omspoeke. Alles en elkenien wie bang foar him. Grutte Eldert en Lytse Eldert hienen al lang paden makke; dy ha noait wer op 'e heide west. Men hat der noait wer fan heard.
Grutte Eldert en Lytse Eldert, dat is al safolle jierren Iyn, dat dêr sil wol neat mear fan oer wêze. Mar de swarte ruter is der noch hjoed de dei. De swarte ruter mei Moar, syn hynder. Dy stjit oeral troch, troch gatten en lichten, en oer huchten en bulten. Moar tôget him fan 't iene plak nei 't oare. En Moar dy wurdt ek noait âlder; sy kinne net sjen, dat er stadiger rint. Sy sjogge him noch, mits as 't Ijochtmoannewaar is, en de moanne helder oan 'e loft sit. Dan sizze se dêr noch op 'e heide: 'Sjoch, sjochdêr—dêr is de swarte ruter wer!' Sy sjogge net iens, dat it hynder de grûn roert. Sy kinne him net krije en sy kinne him net sjitte. Wannear't se der al op sjitte en se reitsje him, dan is't krekt, oft se op in tonne sjitte. De hagels spatte der op ôf en de swarte ruter bliuwt sekuer fêst op it hynder sitten. En it hynder dat saait mar fuort en mar fuort, salang as de minsken him sjen kinne.
Op in kear seine se: 'Wat dat no wêze sil dat witte wy net'. 'Ja', sei in âlde man, 'dat binne foarberjochten, foartjirmerijen. Sjoch', sei er, 'no binne it allegear Ijochtsjes!' En doe seagen se allegear wylde lantearens.
Sy stieken de heide yn, dêr kamen se op in plak tichte by in poel, en dêr fûnen se yn 'e droege heide in dikke klobbe ielen en dy libben allegearre. Sy soenen se krije en dat mislearre har, want dy ielen snúfden it wetter wol en setten allegear op 'e poel yn. Se rekken yn 'e poel en dêr koenen se se net benei komme. Mar de swarte ruter gong boppe oer de poel hinne.
En de swarte ruter bestiet dêr hjoed de dei noch foar de minsken. Lykwols, dy sjogge him mar mear in inkelde kear. Hoe't dat no sit, ja dat wit ik ek net, want it is my yn gedachte in libben riedsel bleaun.

Beschrijving
Een kleine man en een grote man zitten in het bos. De grote man wil valstrikken leggen om mensen te vangen, waarna hij het mensenvlees wil opeten. Opeens komt er een ruiter aan op een zwart paard met de naam Moor. De ruiter zegt dat het zijn jachtterrein is en verjaagt de twee mannen. De zwarte ruiter heeft jaren in dat bos rondgespookt. De ruiter en zijn paard worden nooit ouder. Ze kunnen nog even goed rijden en springen en lijken zelfs boven de grond te zweven. Niemand kan het paard te pakken krijgen en niemand kan hem berijden. De zwarte ruiter is alleen 's avonds te zien met helder weer, als de maan schijnt. Als de mensen allerlei vreemde lichtjes zien en ze gaan kijken, zien ze dat de zwarte ruiter veel sneller dan de mensen een water over kan steken. Zijn verschijning blijft een raadsel.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 142-143
Commentaar
26 oktober 1971
Naam Overig in Tekst
Lytse Eldert   
Grutte Eldert   
Zwarte Ruiter   
Naam Locatie in Tekst
Moar (Moor)   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20