Hoofdtekst
Hoe 't de ierappel folksiten wurden is
Ien fan 'e earste mannen dy't hjir yn Fryslân ierappels boude, woe graach, dat it ierappeliten algemien waard ûnder it folk. Mar de minsken woenen der earst gjin bek op sette. Hy tochte, dêr moat ik wat op útfine. Hy gong hinne en lit nachts syn ierappelfjild mei folk ôfsette. Se moasten der op passe, dat der gjinien by kaam. Hy hie wol yn 'e rekken, as de Iju mar wisten, dat it roversguod wie, dêr't men op pasje moast, dan soenen se wol sizze: 'Blikstiender, mar wat guod soe dat wêze? Dat wolle wy dan doch ek in kear priuwe!' It kaam krekt sa út, as er tocht hie. De Iju sieten der nachts ta en hy hie de oppassers oarder jûn om te bearen, oft se neat seagen. En sa moat de ierappel folksiten wurden wêze.
Dit waard by us yn Skoat ferteld, mar it waard net lokalisearre.

Onderwerp
SINUR 0127A* - Warum die Kartoffeln "Pfarrerknollen" heissen   
Beschrijving
Als een boer voor het eerst aardappelen aan het verbouwen is, wil niemand er iets van weten. Omdat hij wil dat de hele bevolking aardappels gaat eten, bedenkt hij de volgende list; hij huurt een aantal mensen in die 's nachts op zijn aardappelveld moeten gaan staan. Als de mensen denken dat de aardappels zo veel waard zijn dat ze bewaakt moeten worden, willen ze ze wel eens proeven. Op deze manier zijn aardappels echt volksvoedsel geworden.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 145
Commentaar
14 maart 1973
Warum die Kartoffeln 'Pfarrerknollen' heissen
Naam Overig in Tekst
Skoat   
Naam Locatie in Tekst
Fryslân [Friesland]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20