Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE139 - De falske munters fan Boalsert

Een sage (boek), dinsdag 07 november 1972

Hoofdtekst

De falske munters fan Boalsert
Nei't der sein waard, hawwe der op 'e souder fan 'e kapel fan it eardere beginekleaster te Boalsert oan de ôfbraak yn njoggentjinhûndert en ien ta altyd twa geraamten hinge. Jim witte wol, dat is de kapel dêr't Joast Halbertsma yn de Rimen en Teltsjes oer skriuwt, as er Gabe Skroar nei it Boalserter Nut reizgje lit. Se seinen, dat wienen de bonkerakken fan twa falske munters, in man en in frou. Dy bonken wienen hielendal wyt útlutsen. Dat kaam, woenen se ha, trochdat dy twa yn in grutte taantsjettel mei siedende oalje libben ferbaarnd wienen. De iene sei, dat dy taantsjettel ek noch op 'e kapelsouder stie, en de oare sei fan net. Guon fertelle, dat dy twa minsken skipperij yn Dimter hân hienen en oaren, dat de man dêr skûtmakker wie.
Der is my ferteld, dat it misdriuw útkommen is, trochdat it jonkje fan dy minsken earne by har yn 'e hûs sokke falske munten fûn hie en dêrmei op 'e strjitte oan 't streekjegoaien wie. Der wienen in pear hearen lâns kommen, dy wisten wol, dat der falsk jild yn omrin wie, en doe't se it jonkje dêr dan mei dy blinkende nije munten boartsjen seagen, fregen se him: 'Hoe komsto oan dy moaie sinten?' It jonkje hie wol ris wat sjoen yn 'e hûs en antwurde wakker grutsk: 'Dy meitsje ús heit-en-dy sels!' Sa moasten dy minsken foar it rjocht komme en waarden feroardiele ta dy freeslike straf.
Dit ha myn pake Ale Couperus en ferskate oare âlde minsken my ferteld.

Beschrijving

Op de zolder van een begijnenklooster hangen twee geraamtes. Die geraamtes zijn van een man en een vrouw die vals geld gemaakt hebben. Hun geraamtes zijn helemaal wit uitgeslagen doordat de man en de vrouw levend in een ketel met gloeiende olie zijn gegooid. De valsmunterij is ontdekt doordat hun zoontje met de nieuwe, glimmende munten buiten aan het spelen was. Wanneer twee heren langskomen en aan hem vragen hoe hij aan die munten komt, zegt het jongetje dat zijn ouders die zelf hebben gemaakt.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 145

Commentaar

7 november 1972

Naam Overig in Tekst

Joast Halbertsma    Joast Halbertsma   

Rimen    Rimen   

Teltsjes    Teltsjes   

Gabe Skroar    Gabe Skroar   

Boalserter Nut    Boalserter Nut   

Ale Couperus    Ale Couperus   

Naam Locatie in Tekst

Boalsert (Bolsward)    Boalsert (Bolsward)   

Dimter    Dimter   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20