Hoofdtekst
It teltsje fan 'e moarekop
By pake Ale hjir te Boalsert hienen wy út 'e keamer wei it gesicht op it stedhûs. Dan seagen wy altyd krekt boppe de oare huzen út de toer en de gevel mei dêr boppe-yn de moarekop. Dêr frege ik ús pake nei en doe fertelde er.
It wie yn 'e tachtichjierrige oarloch, doe hie Boalsert in Spaanske besetting. Se sieten hjir wol aardich feilich en rêstich. In grutte moar hienen se by har. Meiïnoar sieten se op 'e riedseal te sûpen, de oerste mei syn ofsieren, en op't lêst wienen se moai dronken en se tochten nearne om. Mar de greve fan Nassau hie syn spionnen fansels wol. De Boalserter befolking hie fan 'e besetting foarsafier gjin lêst, mar fansels, se wienen hjir allikemin wolkom as wêrearne oars.
Se wienen dan wakker oan 't feestjen, en doe ynienen kamen se ta de ûntdekking, dat de Steatsken stienen flak foar it stedhûs oer op 'e Pleatse—Iyk as se de romte dêr foarhinne neamden. Doe woenen se der út, mar de Boalserters hienen der foar soarge, dat de doarren op slot sieten.
De moar krige de skuld en dy feint waard it te benaud. Hy woe troch in finsterke krûpe, mar healwei bleau er hingjen en hy koe fóár noch efterut. En de greve op syn wite hynst, dy't gjin moar snuven hearre koe, hy seach dizze moar ta it finster út hingjen. Hy ûnderhelle syn swurd en hy sloech him yn ien kear de swarte holle ôf.
En it wûndere wie, dy kop truzele net oer de strjitte, mar bleau oan 'e muorre hingjen.
Dy kop is letter, byldhoud troch in kunstner, oanbrocht boppe yn 'e gevel. Foartiid hie de boargemaster altiten sein: 'Dy gevel fan it nije stedhûs is noch net folslein'. Gjinien Iykwols koe sizze, wat der no krekt oan ûntbriek. Mar no wie er folmakke.
Dy't it net leauwe wol moat de gevel der mar ris op neisjen—dan sjocht er de moarekop dêr wol sitten.

Beschrijving
Tijdens de Spaanse bezetting zit een overste met zijn officieren te drinken en te feesten in het stadhuis. De graaf van het dorp, die zijn spionnen aan het werk heeft gezet, besluit met de hele bevolking de Spanjaarden in te sluiten. Wanneer de soldaten uit hun roes ontwaken, ontdekken ze dat ze er niet meer uit kunnen. Een moor probeert door een venster te kruipen, maar blijft halverwege steken. Een inwoner van het dorp hakt het zwarte hoofd eraf. De kop valt naar beneden en blijft aan de muur van het stadhuis hangen. Later is de kop door een beeldhouwer nagemaakt, en aan de gevel van het stadhuis gehangen.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 146
Commentaar
7 november 1972
Naam Overig in Tekst
Ale   
Spaanske (bezetting)   
Boalserter (bevolking)   
Steatsken   
Pleatse   
Boalserter   
Naam Locatie in Tekst
Boalsert (Bolsward)   
Nassau   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20