Hoofdtekst
Gais op 'e tsjille
Om achttjinhûndert tachtich hinne tsjinne in boeresoan út Molkwar as bakkersfeint te Wâldsein. Sneontejûns let kaam er geandefoet thús. Op in kear wie er hielendal op ien ein. Hy hie de tiisdeis mei de baas nei Snits west en dêr in filesepee sjoen, sa'n ding mei ien grut en ien Iyts tsjil. Hy hie der ek op sitten. It wie in merakel, sei er.
Syn heit joech him de jûns it jild, fjirtich gûne. Hy krige se op ien betingst: hy soe der tsjin 'e oare húsgenoaten net oer prate. De boer woe sjen, hokke eagen as se de oare wyks opsetten, as de soan op sa'n ding thúskaam.
Yn dy tiid hienen se dêr op 'e pleats in Iytsfaam út Hylpen. Dy hâlde altyd hiele ferhalen oer it Hylper spoek: Gais op 'e tsjille. Dat wie in âld wiif, dat mei in string wite wolle om 'e hals op in tsjille troch de loft fleach. Soms hie se har man ek noch by har. As de boerinne har dat út 'e holle prate woe—der bestienen ommers gjin spoeken—, dan andere se: 'Fear en mim he se sels sjoend op in jûn oan 'e seedyk. It wie wat mistich'. (Se prate tsjin 'e frou sawat Súdhoeks mei Hylper wurden der troch.)
Dy oare sneontejûns stie de boer al betiid út te sjen, en doe 't de soan langer weibleau as er tocht hie, fielde er him net alhiel noflik mear—sa'n ding, dat sa hurd fleach, dêr koe men ek wol in slim ûngemak mei krije.
Dyselde jûns wie de Iytsfaam dwaande om de wask fan 'e line te heljen en dy seach de bakkersfeint it earst oankommen. Ynienen hearden de oaren in heislike gjalp. De Iytsfaam smiet it waskguod del en fleach yn 'e hûs—de klompen stouden der nei: 'Frou, frou! Dêr komt Gais op 'e tsjille. Ik he altyd al seind, dat se echt bestiet!'

Beschrijving
Een boerenzoon die als bakker werkt, krijgt van zijn vader geld om een fiets, iets wat nog niemand daar heeft, te kopen. De zoon mag het tegen niemand vertellen, want de boer wil dat het een verrassing blijft. Het dienstmeisje wat op de boerderij werkt, vertelt hele verhalen over een spook, een oud wijf met strengen witte wol rond haar nek, dat op een fiets door de lucht vliegt. De boerin vindt dit onzin en vraagt het meisje er niet meer over te praten. De volgende avond is het dienstmeisje bezig de was op te hangen, wanneer ze de boerenzoon op de fiets ziet aankomen. Ze begint te gillen en roept dat het spook op de fiets dus wel echt bestaat.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 146-148
Commentaar
20 juli 1975
Naam Overig in Tekst
Wâldsein   
Snit   
Hylpen   
Súdhoeks   
Hylper   
Naam Locatie in Tekst
Gais   
Molkwar   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20