Hoofdtekst
De abbekatebeam
Foarhinne stie der in âld stobbe en noch earder in beam, ast de wei útgiest nei de Heidhûzen. De Olfertsbosk en it Olfertsfjild is dêr. Dat is eastlik fan Olterterp. Dy beam waard de abbekatebeam neamd, omdat se dêr in abbekaat deadien ha. Oft dy abbekaat dêr spoeke hat, of mear abbekaten, dêr wit ik neat fan.
Te Drachten wie in âld wiif ferstoarn, in âlde Grytsje. Doe moat in abbekaat foar de rjochter aardich gemien spile ha. De abbekaat hie fan in skoansoan fan Grytsje in protte sinten krige en doe hie er krekt salang praat, dat de soannen neat krigen út it erfskip, mar dy sweager alles, omdat syn wiif altyd op har mem past hie.
Doe moatte dy soannen de abbekaat opwachte en meinommen ha, by it âlde tsjerkhôf lâns, dêr leinen foarhinne bertens. Dan koest sa troch de Mieddens rinne. Dêr moatte se him lâns brocht ha en doe ha se him by dy beam deadien.

Beschrijving
Langs de weg staat een boom die de advokaatboom wordt genoemd. Dat komt doordat er bij die boom een advokaat is vermoord door de zonen van een overleden vrouw. De advokaat heeft het voor de rechter zo slim gespeeld dat de zonen van de vrouw geen geld krijgen, terwijl de schoonzoon al het geld erft. De advokaat heeft met de schoonzoon afgesproken dat hij een paar flinke duiten van hem krijgt als het hem lukt de zoons volledig te onterfen.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 148
Commentaar
17 november 1976
Naam Overig in Tekst
Grytsje   
Mieddens   
Naam Locatie in Tekst
Heidhûzen   
Olfertsbosk   
Olfertsfjild   
Olterterp   
Drachten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20