Hoofdtekst
Piter Poeske
Myn âldomke Klaas Heddema wenne dêr yn 'e omkriten fan Sumarreheide of de Tike. It wie in sterke dûbele keardel en hy stie der foar bekend, dat er net gau benaud wie. Op in jûne gong er nei Piter Poes ta te praten. Doe't er dêr even sitten hie, begûn Piter yn in boek te lêzen. Dat sil wol it iene of't oare toverboek west ha. It duorre even. doe wie it ynienen om it hûs hinne allegearre swarte roeken, dy fleagen by de finsters op. En Piter lies mar troch, mar Klaasom waard net benaud.
Dat duorre sa in setsje, Piter lies noch fierder, doe gong de doar ynienen iepen en der kaam in ploech soldatefolk fan bûten ôf ta 't hûs yn en dy waarden wei yn 'e hurdsherne. Doe gong it omke raar genôch. Hy sei: 'No Piter, hoe is dit, jonge? Kin dat net oars?' 'Ja wis wol', sei Piter, 'it kin wol oars'. En doe lies er it boek efterstefoaren.
Alderearst kamen dy soldaten wer út 'e hurdsherne, gongen troch de doar nei bûten en waarden wei yn 'e skimer, En doe ferdwûnen de roeken ek, de iene nei de oare, en alles waard stil.

Onderwerp
SINSAG 0693 - Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervor kommen.   
Beschrijving
De oudoom van de verteller, Klaas Heddema, is van niets of niemand bang. Hij gaat op bezoek bij Piter Poes. Deze leest in een toverboek. Opeens zijn er allemaal zwarte roeken rond het huis. Vervolgens gaat de deur open en komen er soldaten binnen, die in de haard verdwijnen. Klaas is nog steeds niet onder de indruk en vraagt of het niet anders kan. Piter leest het toverboek nu achterstevoren en de soldaten komen weer uit de haard en lopen de deur weer uit. Op dat moment verdwijnen ook de roeken weer.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 156
Commentaar
12 november 1978
Zauberer lässt Soldaten (Zwerge) unter dem Kamin hervorkommen
Naam Overig in Tekst
Klaas Heddema   
Piter Poes   
Naam Locatie in Tekst
Sumarreheide   
Tike   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20