Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE148d - Piter Poeske

Een sage (boek), donderdag 23 november 1978

Hoofdtekst

Piter Poeske
Ik ha wol ris heard, hoe't er oan syn bynamme kommen is. Dat kaam, seinen ús heit-en-dy, trochdat er altyd by de boeren helle waard, as it net tsjernje woe. Dan liet er him nei de molkenkelder bringe en rûn er om 'e aden hinne. Iderkear stiek er de finger yn 'e rjemme en dan slikke er mar, krekt as in kat. Hoe't er him skreau, wit ik net iens, want hy waard oars net neamd as Piter Poes of Poeske. Hy wie hjir ek net wei, hy moat oarspronklik fan Lippenhuzen kommen wêze. As er de rjemme preaun hie, sei er oars net as: 'It is te kâld'. Of te waarm, of sokssawat. Ja, hy hie der ek wat maneuvels by, mar dat dienen dy duvelbanners altyd; se moasten der wat oan fertsjinje. Der waard ek wol sein, dat er de namme fan Piter Poes krige hie omdat er altyd in keppel katten om him hinne hie.
Piter wie yn dizze omkriten dé man. Se hellen him ek altyd as der wat oan it fee mankearde.
Se ha ek wol sein, dat as er hjir of dêr wie, by in sikenien, dy't betsjoend wie, dan sei er: 'Alle doarren ticht en de kaaisgatten ticht'. En alles dat mar iepening wie, de finsters en sa, liet er dan tichtmeitsje. 'Want de duvel sit hjir noch yn 'e hûs, hy moat ús net ûntkomme'. Hy frege earst altyd, oft der ek in grouwe swarte kat west hie. Wie dat it gefal, dan sei er: 'Dat is him!' Hy frege ek: 'Wa fan 'e minsken hat hjir lêst west? Dêr moatte wy even rekken mei hâlde. Komt dy hjir faak oer de flier?'
Piter joech neat om lilke hûnen. Hy seach se yn 'e eagen en dan dripten se slûksturtsjend ôf. Dat hie men mear mei sokke mannen.
Us heit hat ek wol sein, as men mei Piter Poes de wei lâns gyng, dan koe it wêze, dat er jin ynienen by de mouwe krige en oan 'e kant skuorde. As men frege: 'Wat is der?' dan sei er: 'In Iykstaasje'.
As Piter siet te lêzen, dan wie der altyd in swarte roek, of in krie eigentlik. Der siet ek faak in ekster by him op 'e earm. Der waard sein, as Piter thús wie, dan wienen de swarte roeken of krieën net fier ôf. Se sieten him ek wol op 'e earmtakke. Hy wenne fuort by de Sânweisbosk. En dan jûns kamen dy roeken by kloften del. Dan gyngen se nei dat boskje ta en dêr sliepten se.
Piter Poes hat him ophinge oan in bjirkenbeam efter yn 'e Sânweisbosk. Se seinen, de holle siet him efterstefoarst op 'e romp, de duvel hie him smoard. Nuver, dêr yn 'e Sânweisbosk hawwe har noch in pear ophinge. Der wie ek ris in man oan 't ploeien. Hy stapte efter de ploege wei en hy rûn nei de wâl en hy hinge him op.

Beschrijving

Piter Poes is misschien aan zijn bijnaam gekomen omdat hij net als een kat altijd zijn vinger in de room stak. Zijn bijnaam kan ook zijn ontstaan omdat hij altijd een aantal poezen om zich heen heeft. Piter Poes verbant vaak duivels. Hij laat dan het hele huis afsluiten en zoekt naar een zwarte kat. Van honden houdt hij niet. Hij ziet vaak als enige begrafenisstoeten, die in de toekomst zullen gebeuren. Meestal heeft hij een zwarte roek of kraai bij zich. Hij heeft zich opgehangen aan een boom. Hierna hebben nog een paar mensen in de buurt zich opgehangen.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 156

Commentaar

23 november 1978

Naam Overig in Tekst

Piter Poes    Piter Poes   

Poeske    Poeske   

Naam Locatie in Tekst

Lippenhuizen    Lippenhuizen   

Sânweisbosk    Sânweisbosk   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20