Hoofdtekst
Imke en Durk fan Imke
Durk stie der noch even—ik ha 't sels sjoen op 't Surhústerfean—en doe frege er, oft ek ien in ryksdaalder foar him hie. Ien joech him in sulveren ryksdaalder. Hy hie dy ryksdaalder op 'e hân, en—al sa wier as ik hjir by de tafel sit—hy sloech der in pear kear sa oerhinne, en hy joech him in flik—ik ha him blinken sjoen yn 'e sinne: dêr blonk er hinne, de loft yn. Hy sloech him fuort, sá. Doe stie dêr in mantsje, hjirwei oan 'e wei ta, safier wol fan him ôf. Dêr stie dat mantsje, dy hie in burd. Durk rôp: 'Kom jo hjir ris even, ik ha in boadskip oan jo!' En dêr kaam dat mantsje oan. Doe sei Durk: 'Dêr soest der mei de ryksdaalder fan troch, h'n!'En hy hâlde him de hannen ûnder it burd en dêr rôle him de ryksdaalder ta it burd út. Durk heinde him moai op.

Beschrijving
Durk staat op de markt van Surhuisterveen en vraagt aan iemand een rijksdaalder. Deze rijksdaalder slaat hij heel ver de lucht in. De rijksdaalder belandt in de baard van een mannetje dat verderop staat. Durk roept hem en haalt tot verbazing van het mannetje de rijksdaalder uit zijn baard. De verteller heeft het zelf gezien.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 159
Commentaar
8 februari en 26 juni 1972
Naam Overig in Tekst
Durk   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean [Surhuisterveen]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20