Hoofdtekst
Imke en Durk fan Imke
Se hawwe Durk fan Imke de Jong ris oppakt. Wêrom wit ik net. Doe siet er te Ljouwert yn 'e gefangenis, of yn 't hûs fan bewaring. Se hienen de doarren fêst, mar dy sprongen sa iepen.
Doe gong er in herberch foarby, dêr sieten hearen te iten, it wie deftich spul. Dy hearen hienen it iten foar har. En se soenen der fan ite, heite, doe wie it allegear ûngemak—hûskeguod.
Mar Durk gong sels ek yn dy herberch en de kelner frege, wat er ite woe. Hy sei: 'Stoofde patriis!' No, dat koe wol en in setsje letter dêr kaam de kelner al oan mei de patriis yn in pantsje. En doe't er it lid der ôf die, dêr fleach de patriis hinne. Ja mar, sei Durk, sa'n patriis bedoelde er net. Hy moast in stoofdenien ha, dy't er fuort ite koe. Ja, pas op!

Beschrijving
Durk zit in de gevangenis, maar weet te ontsnappen. Gesloten deuren houden hem niet tegen. Hij komt in een herberg en bestelt daar gestoofde patrijs. De kelner brengt het gevraagde, maar zodra hij het deksel van de pan doet, vliegt de patrijs eruit.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 160
Commentaar
8 februari en 26 juni 1972
Naam Overig in Tekst
Durk   
Imke de Jong   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert [Leeuwarden]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20