Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA001601

Een sage (mondeling), donderdag 21 oktober 1965

Hoofdtekst

Oan 'e Rottumer hegedyk wenne eartiids in âld goed wyfke mei in man, dy't Gerke hjitte. Men neamde har altyd Trui Pot, mar dat wie har namme net. Der waerd sein dat hja tsjoene koe.
Hja wennen dêr op in smelle stripe mei hwat appelbeammen om hûs. De appels foelen foar in part yn ’e sleat neist hûs.
De skoalbern, dy't dêr lâns kamen, fisken dy appels út 'e sleat. Dan kaem it goe-sloof en sei: "och, berntsjes wy ha appels genôch, jimme kin elk wol in pear krije".
Mannich âlder woe net ha dat harren bern hwat fan Trui Pot oannamen. Hja soene dan bitsjoend en siik wurde. Waerd in bern siik, dan moast de duvelbanner Murk út 'e Knipe komme. Dan waerd it holkjessen iepensnien; dêr siet dan in krânse yn en ek eintsjes stop- en naeijern en oare dingen út de húshâlding. Dat wie dan it biwiis dat it bern yndied bitsjoend wie. Dan moasten de âlden der mar om tinke hwat âld minske dêr kaem of de bern oanhelle. De lampe moast út en yn it tsjuster makke de duvelbanner dan hwat meneuvels. Der waerd hwat duvelsdrek yn in pûdtsje ûnder de drompel lein. Dan koe de tsjoenster net oer de drompel komme. Trui Pot - sa waerd der sein - foroare har ek wol yn in swarte kat. Smiet men dy kat mei in stien, dan hie Trui de oare deis in smertlape oan 'e holle.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Vrouw heeft de naam een heks te zijn. Kinderen mogen niets van vrouw die de naam heeft heks te zijn, aannemen om niet betoverd te worden. Bij een ziek kind komt de duivelbanner, in het hoofdkussen worden een krans, eindjes stop- en naaigaren en andere huishoudelijke voorwerpen gevonden, een bewijs dat het kind is betoverd. hulp vragen aan duivelbanner, duivelsdrek onder drempel ter afweer van de heks. Vrouw verandert zich ook in een zwarte kat. Als een steen naar de kat wordt gegooid, heeft de vrouw de volgende dag verband om haar hoofd.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 16, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Gerke    Gerke   

Trui Pot    Trui Pot   

Murk    Murk   

Rottumer    Rottumer   

Naam Locatie in Tekst

De Knipe    De Knipe   

De Knijpe    De Knijpe   

Plaats van Handelen

Rottum    Rottum