Hoofdtekst
Dit is wier bard, hear! Teminsten, ik haw it Wytse Gal fertellen heard, en dy is it sels oerkommen.
Wytse Gal, hjir fan 'e Gallestreek, by de Feart lâns (te witten: op 't Surhústerfean), dy koe goed reedride, hear! Hy hurdried wol en hy wûn ek gau ris in priiske. Doe soe der in hurdriderij wêze hjir of dêr yn 'e midden fan Fryslân, de Grouster of Snitser kontreien út, ik wit net mear wêre. Yn alle gefallen, hy moast oer de Burgermar en dan fierderop.
Hy wie omtrint oan 'e Mar ta, dat lêste eintsje, dat lege moast er noch ha, doe wie dêr by it krcechje fan Knilles Tseardsma in keardel oan 't opbinen, in turfskipper sa te sjen. Hy hie in bevertinen kyltsje oan en ek sa'n broekje, en hoasfuotling op 'e âlde redens. Wytse Gal wie netsjes yn 'e klean, nije redens ûnder en ek noch in ekstra pear ûnder de jas.
Doe frege Wytse sa: 'Wolle jo mei my oer 'e Mar ride?'
'Jonge ja, as ik jo teminsten byhâlde kin. Wa binne jo?'
'No', sei Wytse, 'ik bin Okke van den Berg'.
'Oh', sei de oure, 'dat is ien, ha se my wol ris ferteld, dy kin omraak hurdride, is 't sa net? Okke van den Berg dêr ha 'k wol ris fan heard. Dus, dan binne jo de kampioen fan Nederlân'.
'Ja krekt', sei Wytse, 'dêr ha jo gelyk oan'.
'Soa, en wolle jo dêr hjoed ek mei hurdride?'
'As 'k kin al', sei Wytse, 'ik ha my juster oanjûn. Ik sil hjoed dat priiske mar winne, tocht ik'.
Se rieden tegearre de Burgermar oer, foar de wyn del, doe in eintsje it djippe lâns en sa kamen se op 'e Foanejacht, dat kweade gat. It begûn wat mear te waaien, en dêr krigen se in rak yn 'e wyn. Knap yn 'e wyn—it hûndert wie fol. Mar dat turfskipperke like der neat fan te fernimmen. Hy helle stadichwei oan. Wytse Gal koe him net mear by bliuwe. De skipper wie in ein foarút, doe kaam er in pear streek werom: 'Miskien sjogge wy inoar strak noch wol', rôp er, en dêr streke er hinne. 'De fonken spatten út it iis wei', sei Wytse tsjin my, 'ik hie my op dy keardel fersjoen'.
By dy hurdriderij stie op 'e dielnimmerslist ek Okke van den Berg, de echte, wol te ferstean. Dat wie datselde turfskipperke dêr't Wytse in ein mei opriden wie en dy krige dat priske. Hûndert gûne.
Der waarden dy winters wol dikker prizen ferriden, mar sokke riderijen die Okke van den Berg net oan mei, want der wienen in bulte Iytse, dêr stie yn 'e advertinsje, riders dy't prizen fan boppe de hûndert wûn hienen wienen útsluten. En Okke koe mear winne mei in bulte Iytse prizen as mei in pear grutten.
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Wytse Gal   
Gallestreek   
Grouster of Snitser kontreien [Grouw   
Feart [Vaart]   
Burgermar [Burgermeer]   
Knilles Tseardsma   
Okke van den Berg   
Foanejacht   
Naam Locatie in Tekst
Surhústerfean [Surhústerveen]   
Fryslân [Friesland]   
Sneek]   
Mar [Meer]   
Nederlân [Nederland]   
