Hoofdtekst
Adam hurdrider
Adam hurdrider kaam fan Tersoal, krekt as Atse (in oaren as Reade Atse). Adam wie op in farwetter oan 't riden. Doe wienen der guon, dy fergunden it him, dat er sa hurd koe. Dy seinen: 'Hy rydt hjir alle dagen lâns. Wy sille mei him ôfweve—dy smoarge keardel rydt ús fierstente hurd'. Se gyngen hinne en leinen in bollepream dwers yn 'e feart, krekt yn 'e baan. Adam kaam der oan riden, en hy hie sa'n gong, dat doe't er him seach, koe er noait mear ynhâlde. Hy sprong der boppe oerhinne.

Beschrijving
Adam schaatst elke dag met zeer hoge snelheid over de vaart. Mensen die hem zijn snelheid misgunnen besluiten een groot obstakel voor Adam te plaatsen. Als Adam niet meer tijdig kan stoppen, springt hij over het obstakel heen.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 163
Commentaar
18 oktober 1978
Met "bollepraem" wordt bedoeld een grote praam (voertuig, kar) voor het vervoer van vee, hooi, mest etc.
Naam Overig in Tekst
Adam   
Atse   
Naam Locatie in Tekst
Tersoal   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20