Hoofdtekst
In man hie in pear hounen, dy 't nachts altyd yn 'e gong tahâlden. It wie in gong mei estrikken en omt dat kâld opjoech, sliepten de hounen yn in greate koer. Op in joun hie de man de hounen útlitten, en doe’t se wer thúskamen, woene se net yn 'e koer. Yn 'e nacht hearden de man en syn frou in slach, dy 't troch it hûs klonk. De man op ûndersiik út, fornaem dat in greate klokswicht fan de klok, dy't yn 'e gong hong, fan boppen kommen wie. It swiere wicht wie yn 'e hounekoer delkommen.
Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Honden willen 's avonds niet in hun mand die onder een klok staat. 's Nachts valt het klokgewicht in de hondenmand.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 50, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)
