Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA007801

Een sage (mondeling), maandag 30 januari 1967

Hoofdtekst

Doe 't Van Netten in jonge fan sa 'n jier of tsien wie, waerd der yn Heech frege: "Ha jimme al heard hwat Anne en Gerrit wjerfearn is?" It gie as diggelfjûr troch it doarp, de iene fortelde it de oare. Somlike leauden it, oaren seinen: de manlju ha fêst dronken west. Ja, de mannen spuiden net yn 'e drank, en hwat ek gâns sei yn it tsjerklike doarp Heech, hja gongen net nei tsjerke.
Anne en Gerrit wiene yn 'e nacht mei de houn to murdejeijen. Doe 't se op 'e dyk wiene fan it jiskelân nei de haedwei, seagen se opiens in great wyt bist oansweevjen kommen. It like wol in houn, mar it wie folle greater as de greatste houn. It bist hie de foarste poaten nei foaren, de efterste nei efteren strekt. It rekke de groun net. It wite ding fleach oer harren houn hinne, dy 't him gûlend dûkte. It ding sweve foarby en draeide de dyk op: nei it fabryk op. Dêr forlearen hja it út it each.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).    SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   

Beschrijving

Mannen zien 's nachts groot wit dier zweven. Jaren later ziet verteller groot wit dier zweven.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 78, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Met losse bijlage met plattegrond en geschreven tekst van deel van verhaal

Naam Overig in Tekst

Van Netten    Van Netten   

Anne    Anne   

Gerrit    Gerrit   

Krysttiid    Krysttiid   

Kersttijd    Kersttijd   

Bildt    Bildt   

Naam Locatie in Tekst

Heech    Heech   

Heeg    Heeg   

Plaats van Handelen

Heeg    Heeg