Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING000501 - tsjoensters,

Een sage (mondeling), dinsdag 27 maart 1962

Hoofdtekst

20 Oktober waerd ús jonkje geboren. Mem sei: "Nou hoopje ik net, dat Gjetsje hjir hjoed komt. Dy fortrou ik net." Mar hwat woe it gefal? Healwei fiven waerd it bern geboren en efkes letter wie it minske der al. En hja naem it bern op 'e skoat. Ik sei, dat ik it bern by my op bêd ha moast. Ik krige it bern en lei it oan 't boarst. Mar it woe net drinke. En ik hie sa 'n protte tate.
Buorfrou hie in berntsje fan in healjier. Dat leine wy by my oan 't boarst en it dronk him sêd. Mar mei ús eigen bern woe it mar net. Wy prebearren fan alles. Swiet spul oan 't boarst strike. It joech neat. Doe mei in gleske. Nou krige it al hwat. Mar mei sa 'n gleske droeget de tate op.
En 't wier frjemd. Gjetsje kaem faek en nea soe se de bêdsdoar oan 't hollenein iepen dwaen. Dan sei ik: "Jo moatte dy doar iepen dwaen. Jo sjogge sa neat." Mar hja die it net. Ik kaem fan 't bêd. De tate droege njonkenlytsen op. Op in kear kaem Maeike fan Gjetsje by ús. 'k Wie krekt wer mei it bern dwaende. Hja sei: "Ha jo it bern noch noait oan it boarst?"
"Né, dat hoef ik net to bisykjen."
Hja naem it gleske der wei en lei it bern sa oan it boarst. Ik stribbele noch tsjin. Mar ik die it dochs. En de poppe dronk en it gong letter altyd bêst.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste    SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste   

Beschrijving

Vrouw waarvan wordt gehoopt dat ze na de geboorte van kind wegblijft, komt toch. Kind weigert te drinken, terwijl de moeder genoeg melk heeft en buurkind wel bij haar drinkt. Vrouw komt vaak, opvallend is dat ze nooit de bedsteedeur aan het hoofdeinde opent. Na enige tijd komt haar dochter en wil het kind wel bij de moeder drinken.

Bron

Collectie Keuning, verslag 5, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Gjetsje    Gjetsje   

Maeike    Maeike