Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING000502 - tsjoensters.

Een sage (mondeling), dinsdag 27 maart 1962

Hoofdtekst

Myn man koe tige bêst mei Gjetsje. Dy krige altyd kofje ôf the by har. Mar ik net. Hja brocht my wol es in tsjettel mei hjit wetter. Dan koe ik kofje sette.
Ik kaem es by Kei, myn man, syn mem. Ik sei: "Kei is net goed. Dy koe wol hwat ûnwennich wêze." Doe sei it âld minske: "Dû moast him es hwat duveldrek yn 't fesjebûske dwaen."
Dat die ik. En sûnt dy tiid hat hy nea wer in kopke the ôf kofje by Gjetsje hâwn. Mar doe kaem Gjetsje folle faker by my.
Mem sei: "Nou moast in stik duveldrek ûnder de drompel lizze. Dan komt hja der net oerhinne."
Trije kear is hja by de doar west. Iderkear sette hja de hânnen tsjin it doarskesyn oan, mar se kaem net oer 'e drompel. Mar de fjirde kear rêdde se it en kaem yn 'e hûs.
Doe 't hja de oarde dei wer kaem, gyng ik nei it kastje, krige in stikje duveldrek en lei it op it kastje. Wy thedronken togearre en doe 't hja fuort gyng paste ik goed op ôf hja ek by it kastje kaem. Sy bleauw er in hiel ein ôf. Mar dochs, doe 't hja der út wie, wie it stik duveldrek ek fuort. Ik siz mar: "Hoe kin dat."

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

Beschrijving

Duiveldrek in kleding als afweer tegen heks die man ziek maakt; duiveldrek onder drempel als afweer dat heks binnen kan komen; duiveldrek als afweer op meubelstuk, na haar vertrek is duiveldrek verdwenen.

Bron

Collectie Keuning, verslag 5, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Gjetsje    Gjetsje   

Kei    Kei   

Plaats van Handelen

Valom bij Veenwouden    Valom bij Veenwouden   

De Falom    De Falom