Hoofdtekst
Op in kear kaem ik yn 'e hûs en siet my dêr net in frjemde kat? En dy siet mar iderkear op syn efterst en strykte mei de beide foarste poatsjes krúst oer elkoar hinne, dan it iene poatsje boppen en dan it oare. Ik waerd der raer fan. Ik tocht: "Ik slach dy dea."
Ik helle in stok en sloech der op los. En dy kat gong tokear. Seis kear is er oer de tafel hinne flein. En oer alle kesyntsjes. En op it kastje. En dêr fleach er yn ienen by my op, oan 'e kiel ta. Ik sloech nei him en dêr lei er op 'e groun. Ik die de doar iepen en fuort wie der.
Jouns kaem ik Gjetsje har man tsjin. Hy seit: "Gjetsje leit op bêd. Sy sjocht der raer út, as hiene se har hwat op 'e hûd jouwn."
Ik fortelde dit oan myn âlde mem. Hja sei: "Nou silst wol net folle lêst mear fan har krije. Dû hiest har wol dea slaenkind."
Gjetsje kaem noch wol es in kear, mar hja bimuoide hjar hast net mei my. En wy ha nea gjin katten wer yn 'e hûs hâwn.

Onderwerp
SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.
  
Beschrijving
Vrouw slaat kat die voorpoten kruist, waarop kat de vrouw aanvliegt. Later blijkt dat heks gewond in bed ligt is.
Bron
Collectie Keuning, verslag 5, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Gjetsje   
Plaats van Handelen
Valom   
De Falom   