Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

KEUNING000504 - krânsen yn 't holkjessen

Een sage (mondeling), dinsdag 27 maart 1962

Hoofdtekst

Dit hat heit ús faek forteld. Syn âldste dochter hie in lyts famke. It bern gûlde altyd. Heit waerd op in kear sa lulk. Hy goaide it bern yn 'e widze. Der moast it dan mar útraze. Mem makke it bêdtsje op. Sy tocht, hwat is dat kjessen hurd. Dêr kin it bern sa net op lizze. Doe sei heit: "Dat kjessen meist wol ris neisjen." Der kamen trije krânsen út. It tredde wier hast klear. "Moast es bûtendoar sjen," sei heit, "ôf er ek in kat is ôf in houn". Der wie neat. Doe gongen de krânskes de kachel yn. As der in houn ôf in kat west hie, hiene se dy earst fuortjage. Oars wie de kachel útmekoar barsten.
Heit hinge de tridzjes, dy 't om de tabakspûden sieten en dy 't der ôfkamen, as min de pûde iepenmakke, altyd oer in spiker. En Nou sieten se yn it kjessen. En dat net allinne, mar ek de snypsnaren, dy 't der los kamen, as mem oan it naeijen wie. Allegearre yn de krânsen forarbeide.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

In kussen van huilend kind zitten drie kransen, waarvan de derde bijna af is. Nadat gekeken is of er hond of kat buiten loopt worden kransen verbrand.

Bron

Collectie Keuning, verslag 5, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Plaats van Handelen

Akkerwoude    Akkerwoude