Hoofdtekst
Né, oer tsjoensters haw ik nea heard. Mar al hwat fan spûken. Ús heit hie, doe 't hy noch feint wie, forkearing mei in faem op 'e Wâl. Hy moast dan de Slachtedyk lâns en oer in brechje (heechhout). Dêr wie in paedtsje mei oan beide kanten beamkes. Dêr spûke it, waerd sein. Us heit hat it ek sjoen.
Sa 't wenst wie, gong hy Sneintojouns, om 'e fjirtjen dagen nei dy faem. Presiis om acht ûre moast hy der wêze, mar honear hy fuort gong, kaem der net sa bot op oan. It waerd wol ris trije ôf fjouwer ûre yn 'e moarn. Sa kaem hy der ris wer wei en doe 't hy it paedtsje by it heechhout lâns roun, stroffele hy oer it spûk. Hy en it spûk skrokken beide tige en raesden sa lûd se koenen. It spûk naeide út en heit der efteroan. En hwat wie it? In keal. Sûnt waerd der net mear oer it spûk by it heechhout praet.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Op spookplaats struikelt man over spook dat een kalf blijkt te zijn.
Bron
Collectie Keuning, verslag 83, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Slachtedyk   
Naam Locatie in Tekst
Wâl   
Veenwoudsterwal   