Hoofdtekst
In famke fan myn dochter mankearde ek hwat oan. Hja dokteren mei Dr. Buys. It bern bigoun mei har iene skonk to slepen. Dokter sei, dat hy neat oan it bern fine koe. Hja moast mar ris nei in senuwspecialist ta. Mar dy wist der ek gjin rie mei. Doe rekke se op rie fan de húsdokter nei Dr. Straet, de chirurg. Mar ek dy wist der gjin rie mei. Sy praetten oer operearen, mar de heit sei, dat dat net barre soe, as hja net wisten, hwat it bern mankearde.
Doe lieten sy de man, dy wy hjir niis neamden, komme. Dy die wer lyk as hy mei my dien hie. Ek moasten se it bern har skonken mei hjit wetter waskje. It bern moast ek hazzenuten en beisop ite. Mar medisinen joech hy nea. It bern is hielendal wer better wurden. It sei sels al, doe hy bigoun mei syn hannen en rare lûden: "Nou wurd ik gau better, ljeau ik, mem." Hja hat letter de swimtocht oer 'e Wielen noch mei dien.

Onderwerp
TM 3102 - Belezer geneest mens of dier   
Beschrijving
Belezer geneest wat artsen niet lukte.
Bron
Collectie Keuning, verslag 93, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Zie KEUNING009305, KEUNING009306
Naam Overig in Tekst
Buys   
Straet   
Wielen   
Plaats van Handelen
Oudkerk