Hoofdtekst
Dat ha ik dien
De earrebarre siet wakker efter de kikkerts oan. It rûn tsjin 't lêst fan 'e simmer en doe seach er dêr in kikkert, dy siet wol aardich yn't fleis. De earrebarre skodkoppe, hy sei: 'Dû wiest oars in smaaklik hapke, mar ik moat dy gewurde litte, want ik kin net mear op, ik bin propsêd'. Foar de jongen hoegde de earrebarre him ek net mear mei te nimmen, want dy wienen al lang flechtich en koenen sels de kost wol beskarrelje.
No, de kikkert mocht altyd graach prate. Poche en blaze koe er ek wol. Diskear blaasde er net út sa'n grut gat, mar hy sei al tsjin'e earrebarre: 'Dus, dû litst my strûze! Mar ast my dan doch net op ytste, kinne wy wol efkes in pypfol prate'. 'Jawol', sei de earrebarre, 'dan doch ik it my justjes oan tiid en ûndertusken kin it iten wat besakje'.
Sa rekken se yn petear. De kikkert sei: 'Sa dêrmei wurdt it winter en dan krûp ik de modder yn. Op dy manier kom ik sliependewei de kâlde tiid troch en ha nearne gjin lêst fan'. 'Oh heden jonge', sei de earrebarre, 'mar dan bist krekt as dea! Dû hast neat gjin lêst, seiste, mar dû hast likemin wille, want dû leist dêr mar. Dan haw ik it folle moaier. Ik gean moai nei 't waarme suden, en dêr libje ik fleurich. Ik genietsje dêr gewoan!''Och hea', sei de kikkert, 'soe 'k net mei kinne?' De earrebarre prakkesearre efkes. 'No, och, ja, it kin al. Sjoch, ik krij in leafke (in leafreidsje). Dat hâld ik yn 'e poat en dû krigest it oare ein yn 'e bek. Mar dan moatst dy fansels de bek wol hâlde. Witst wol, wat dat is? De minsken sizze dan ek wol ris tsjin immen: Hâld dy de bek! Ornaris dogge se dat net, mar dêr bliuwe se wol om yn't libben. Mei dy is't fansels wat oars, ast dêr heech yn 'e loft sweefste'. Mar de kikkert betocht him net lang. 'It giet mar oan', sei er, 'ik kin my de bek wol hâlde'.
En dêr fleagen se hinne, de earrebarre mei it leafreidsje yn 'e poat, en de kikkert sweefde mei; dy hie it yn 'e bek. En doe fleagen se boppe in stêd. Se wienen net botte heech, dat it stêdfolk seach, wat spul as dat wie. 'Och, och, och', seinen se, 'is 't net in merakel! Wa soe dat no útfûn ha?'
'Dat ha ik dien!' rôp de kikkert. En mei foel er him te pletter.

Beschrijving
Als de ooievaar tegen de kikker zegt dat hij altijd overwintert in het lekkere warme zuiden, dan vraagt de kikker of hij ook mee mag. De ooievaar kan de kikker meenemen door een stuk riet in zijn poot te nemen, waarvan de kikker dan het andere eind in zijn bek moet steken. Alleen mag de kikker dan niet praten. Als ze over de stad vliegen en mensen roepen wie zoiets nu weer verzonnen heeft, dan roept de kikker dat hij dat heeft gedaan en valt dus te pletter.
Bron
Ype Poortinga, De foet van de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.226
Commentaar
20 maart 1978
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20