Hoofdtekst
De boerefeint dy't net bang koe
Myn skoanheit kaam fan Wolvegea. It wie dêr earmoed, dat hy woe nei de Klaai en hy ferhierde him hy in boer op Dykshoek yn e Weidumer kontreien. It wie om achttsjinhûndert en santich hinne. By dy boer slachten se hjerstmis in ko. As dat kerwei berêden wie, hearde der in buorrel skonken te wurden.
Doe tsjinne dêr in boerefeint, sa'n tweintich jier âld, en dy wie nearne bang fan. As it wêze moast, sei er, dan soe er de duvel by de bealich krije. Hy hie noch al in steil wurd en dêr krigen de oaren har nocht fan. Se seinen: 'Dat moat mar ris út wêze. Wy sille him wol krije'.
Doe't it dan sawat oan 'e buorrel ta wie, nei it slachtsjen, doe kamen se sabeare ta de ûntdekking, dat der gjin drank mear yn 'e hûs wie. It wie al jûntiid en de dryste feint waard om in flesfol jenever stjoerd. Hy moast in ein by de trekfeart lâns. Hjir en dêr lei sa'n heech brechje, in pear trepkes, in planke mei in leuning der nêst.
No, de ko wie út 'e jas kloppe en doe't it hast tiid waard, dat de feint weromkamme soe, doe gong ien fan 'e oaren nei de trekfeart mei de kowehûd. Hy der yn en sa gong er dêr op it hout lizzen te wachtsjen. De kowehûd hie er sa om him hinne, dat de hoarnen him op 'e kop sieten. Yn 't tsjuster koe men net krekt ûnderskiede. wat dêr op it hout lei, mar it like raar.
It duorre in setsje, doe kaam de feint werom mei de flesse jenever. Hy wie sawat oan it hout ta en doe begûn dy keardel yn'e kowehûd te skokskouderjen. Dêr prate de feint tsjinoan. Hy sei: 'Wat dochsto hjirre? Wa biste?' Mar it ding op it hout grânzge: 'Mmmm! Mmmm!' Mear net. Op 't lêst, de feint tocht, ik moat der doch lâns, se sille wol op har buorrel wachtsje. Mar sadree't er in foet op it hout sette, grânzge en grommele dat ding wer: 'Mmmm! Mmmm!' De feint tocht, ik bin noch noait foar ien weromgongen, en dan foar sa'n beest . . .!'
Hy helle de flesse mei jenever út 'e bûse en hy sei: 'Bist fan God: sprek dan! Bist fan 'e duvel: stjer dan!' 'Mmmm!' sei it ding, noch wat lûder. Doe sloech de feint it mei de flesse jenever op 'e kop. It hiele spul pofte yn it wetter en de feint koe der lâns.
No, hy kaam op 'e pleats en dêr fregen se: 'Wêr hast de flesse jenever?' 'Ja, dy is stikken'. 'Hoe no sa?' 'Dat sil ik jim gau fertelle. Ik soe oer 't hout. Dêr lei in nuver ding, dat skokte in bytsje en it sei neat as Mmmm! Mmmm! Ik haw it oansprutsen, mar it wykte net en doe ha 'k dat ding mei de flesse in klap op 'e kop jûn. De flesse stikken en it ding rôle fan 'e planke ôf en dêr lei it yn 't wetter'. It folk op 'e pleats skrok him dea fansels. Mei-elkoar der hinne. Mar de keardel dy't yn 'e hûd siet lei dea yn't wetter.
Myn skoanheit hat dat sels belibbe — teminsten, sa fertelde er it.

Onderwerp
VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder   
ATU 1676 - The Pretended Ghost   
Beschrijving
Een boerenknecht zit altijd op te scheppen dat hij nergens bang voor is, dus zijn collega's besluiten hem op de proef te stellen. Hij wordt er op uit gestuurd om een fles jenever te halen. Eén van de anderen trekt de huid van een geslachte koe over zich heen, en gaat op een brug liggen. De dappere knecht denkt dat er een gevaarlijk beest op de brug ligt, en slaat de jeneverfles kapot op het hoofd van de vermomde man. Als ze later met zijn allen gaan kijken, ligt de man dood in het water.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p.282
Commentaar
28 maart 1972
Spookspelen: Het Spook op de Vonder
Naam Overig in Tekst
Klaai   
God   
Naam Locatie in Tekst
Wolvega   
Dijkshoek   
Weidum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20