Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE272 - De skipper en syn frou

Een sage (boek), vrijdag 03 december 1971

Hoofdtekst

De skipper en syn frou
In skipper, in seeskipper mei in gewoan houten skûtsje, dy foer op in kear mei syn frou oer de see. De frou koe ûntsettend moai sjonge. Wiid en siid koenen se har hearre; oare skippers mienden wol ris, dat it in seemearmin wie. Se koenen tige meiïnoar, de skipper en syn frou.
Se seagen in eilân en doe sei de skipper: 'By dit eilantsje wol ik even oanlizze'. Se gongen beide fan board en it fjild yn. Der stienen allegear moaie boskjes, mar der wie net in libben wêzen op it hiele eilân te finen.
Op in stuit miste de skipper syn frou. Hy rôp: 'Hee, wêr biste!' Gjin antwurd. Sûnder dat de man it sjoen hie, wie der sa'n dikke oerang oetang kommen, dy hie de frou pakt en yn in hoale brocht en dêr paste er op har.
De skipper socht alles en alles ôf, mar de hoale fûn er net. Op 't lêst moast er wol fuort — sûnder frou. Doe is de skipper yn syn lân mar wer troud.
En doe foer er wer ris deselde route lâns; dat wie al jierren letter. Dêr wie er wer tichte by it eilân en dêr hearde er ien sjongen. 'Hark!' sei syn twadde frou, 'dêr sjongt ien, wat kin dy moai sjonge'.
Doe stie dy frou op dy kant fan 't eilân dêr't hja yn eardere jierren fan 't skip rekke wie. Se seach it skip mei it seil wol oankommen. De orang-oetang wie fuort om de kost te sykjen. Hja klattere gau yn 't skip en de skipper sette fan 'e wâl. Dy naam sadwaande syn eigen frou wer mei.
De frou fertelde, de orang-oetang hie har tige bêst behannele en alles foar har oer hân. Se hie ek in bern fan him, mar dat hie se no mar efterlitten.
Doe is it sa beteard: de skipper is weromfearn nei syn lân ta; se ha nei it gemeentehûs ta west en doe is er wer mei syn earste frou troud.
De twadde frou hie sein: 'As jo dat klearkrije, dan mei alle plesier'. De skipper hat syn earste frou wer krige. De twadde waard ek goed behannele, mar dy wie de man kwyt.

Beschrijving

Een schipper raakt zijn vrouw kwijt als ze bij een eiland hebben aangelegd. Hij gaat zonder haar terug naar huis, en trouwt met een ander. Jaren later komt hij weer bij hetzelfde eiland, en vindt zijn eerste vrouw, die daar al die tijd met een orang-oetan heeft samengeleefd. De nieuwe vrouw van de schipper gaat ervandoor, en hij trouwt opnieuw met de eerste.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 284

Commentaar

3 december 1971

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20