Hoofdtekst
Bioskoopkaartsjes
Dat moat koartlyn yn Drachten foarfallen wêze. Dêr wennen in pear minsken, dy't de auto nachts foarhûs stean hienen. Op in moarntiid waarden se wekker, se seagen ta 't rút út en doe misten se de auto. Se joegen it oan by de polysje en dy makke der wol wurk fan, mar se koenen him net efterhelje. Mar op 'e neidei — it wie al tsjuster, it wie hast yn 't koartst fan 'e dagen — waard der in brief by dy minsken troch de klep smiten en it earste dat se liezen wie, dat de auto wer foar de doar stie. Doe sy sjen, en ferdikke, dêr wie har auto wer. Se gongen fuort alles nei en foarsafier't se sjen koenen, mankearde der neat oan en der miste ek neat út.
Dat stie trouwens ek yn 'e brief. Se hienen deaferlegen west, skreauwen de ôfstjoerders, se hienen hommels hjir of dêr hinne moatten en har eigen auto hienen se net ta har foldwaan hân. It wie har tige yn 'e wei, mar om it wer in bytsje goed te meitsjen hienen se der no in pear kaartsjes foar de bioskoop by yn dien. Dy wienen foar deselde jûne, se hopen, dat se dêr gebrûk fan meitsje woenen, der draaide in knappe film. No, de Iju fan wa't dy auto wie seinen: 'It wie in raar gefal, mar bliid dat it sa ôfrûn is. En dat fan dy bioskoopkaartsjes fine wy doch aardich'. Dat se bellen de polysje: 'De auto is wer terjochte en jim hoege der fierder gjin wurk fan te meitsjen'. Fleurich gongen se nei de film en fleurich kamen se thús — yn in leech hûs, want deselden dy't de auto liend hienen, hienen ûndertusken it hûs Ieech roofd, it djoere meubeltsjeguod en alles wat mear wearde hie wie fuort. En dat stie de oare deis net wer foar de doar.

Onderwerp
BRUN 01835 - The Double Theft   
Beschrijving
In Drachten wordt bij mensen voor het huis hun auto gestolen. De volgende dag wordt de auto teruggebracht. Om het goed te maken hebben de dieven er twee bioscoopkaartjes bij gedaan. Als de eigenaren van de auto 's avonds thuiskomen na de film, is hun hele huis leeggeroofd. Dit keer worden de spullen niet de volgende dag teruggebracht.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 285.
Commentaar
19 dec. 1978
Een versie van dit verhaal is opgenomen in Ethel Portnoys Broodje Aap (Amsterdam 1978, p. 25).
The Double Theft
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20