Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE328 - Ik hâld net fan spul

Een mop (boek), maandag 02 oktober 1978

Hoofdtekst

Ik hâld net fan spul
Trije âlde mantsjes stienen by de barten oer de Oeblomsleat te fiskjen. De earste wie Age Haarsma, de âld-skipper; njonken him stie Douwe Hiemstra, opperman-mitsler fan syn fak, mar hy libbe ek al lang stil; de tredde wie Lykle de Jong, in âld-boer. Se stienen der al in hiel skoft. It praat wie op; alles wat mar by mooglikheid sein wurde koe wie al sein.
Se steane noch efkes en Age Haarsma sjocht nei de loft. Dêrfoar is't in skipper. 'Mannen', seit er, 'wy krije reinwetter'. De oaren sizze neat en fiskje troch. Mar in moai skoft letter, Douwe Hiemstra sjocht ek nei de loft. 'Gjin sprake fan', seit er, 'wy krije gjin reinwetter'.
It is wer in hiel set stil. Gjin praat, mar ek gjin beweech, want it wol net bite. Dan pakt âlde Lykle syn angeltsje op. 'Ik gean nei hûs', seit er, 'ik hâld net fan spul'.

Onderwerp

AT 1948 - Too Much Talk    AT 1948 - Too Much Talk   

ATU 1948 - Too Much Talk.    ATU 1948 - Too Much Talk.   

Beschrijving

Drie oude heren gaan vissen. Nadat het gespreksstof is opgedroogd ontstaat er een discussie over het weer. Twee van hen zijn het met elkaar oneens over het weer. De derde neemt zijn boeltje mee en vertrekt: hij houdt niet van onenigheid.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.339

Commentaar

2 oktober 1978
Too Much Talk

Naam Overig in Tekst

Age Haarsma    Age Haarsma   

Douwe Hiemstra    Douwe Hiemstra   

Lykle de Jong    Lykle de Jong   

Naam Locatie in Tekst

Oeblomsleat    Oeblomsleat   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20