Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE336 - Dominy's

Een mop (boek), vrijdag 28 oktober 1977

Hoofdtekst

Dominy's
In jonkje rûn mei syn heit troch de buorren fan in doarp. Nei in setsje kamen se de dominy fan 'e grutte tsjerke yn dat doarp tsjin. De heit lichte de hoed. It jonkje frege: 'Wêrom docht heit dat?''Dat is in dominy', sei heit, 'dy kensto ek wol. Sokke Iju moat men mei earbied behannelje, want dy prate altyd mei ús leaven hear'. 'Oh', sei it jonkje, 'dat wist ik net'.
Se rûnen fierder en njonkenlytsen kamen se ien tsjin, dat wie de dominy fan 'e baptistetsjerke. De heit lichte de hoed wer. 'Is dat ek in dominy, heit?' 'Ja', hy seit, 'dat is ek ien. Hy preket hjir yn in Iyts tsjerkje, en hy praat sneins ek altyd mei ús leaven hear'.
Doe rûnen se wer fierder en op'e ein fan 't doarp kamen se in dwingeman tsjin, ien fan 'e gemeentereiniging. Dat jonkje gong stean en loek fuort syn mûtske ôf. 'Wat dochst no', frege de heit, 'do sjochst doch wol, dat dit gjin dominy is?' 'Nee', sei de jonge, 'dat wit ik wol, mar ik ha dy man juster ek sjoen. No, doe krige er it jiskefet op 'e teannen en doe hat er wol in minút of fiif mei ús leaven hear praat'.

Beschrijving

Een jongen vraagt aan zijn vader waarom hij altijd zijn hoed afneemt wanneer hij een dominee tegenkomt. De vader antwoordt dat zulke mensen met eerbied behandeld moeten worden, omdat zij altijd met de lieve heer praten. Als de twee een vuilnisman tegenkomen neemt de jongen eerbiedig zijn hoed af. De vader vraagt waarom hij dat doet, waarop de jongen antwoordt dat hij deze man wel vijf minuten met onze lieve heer hoorde praten toen hij een vuilnisbak op zijn tenen kreeg.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.345-346

Commentaar

28 oktober 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20