Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE339 - De pastoar fan Boekelo

Een mop (boek), vrijdag 21 oktober 1977

Hoofdtekst

De pastoar fan Boekelo
Der wienen ris trije bruorren, dy gongen in kear út te kuierjen en doe kamen se yn in grut bosk. En yn dat bosk dêr wie in grutte fiver en yn dy fiver dêr leinen trije boatsjes.
It earste boatsje wie lek, it twadde siet fol drek en it tredde hie gjin boaiem. En Pyt, de earste broer, stapte yn it earste boatsje. Klaas, de twadde broer, stapte yn it twadde boatsje, en Absalon, de tredde broer—hy wie pastoar yn Boekelo-stapte yn it tredde boatsje. En de earste broer ferdronk, de twadde fersoop en de tredde kearde yn ivichheid net werom.
En dy't yn ivichheid net weromkaam dy kloppe by Petrus oan 'e himelpoarte en sei: 'Petrus, mei ik der yn?' Doe sei Petrus: 'Wa binne jo?' 'Ik bin Absalon, de pastoar fan Boekelo'. 'Oh', sei Petrus, 'kom jo der dan mar yn!'
En doe kaam Absalon yn'e foarhal, in hiele grutte romte, it like wol in seal. en dy wie hielendal fan sulver. Absalon sei: 'Jonge, jonge, wat is it hjir moai! Ha jimme noch mear sealen?''Ja', sei Petrus. 'wy hawwe noch wol mear sealen. Kom mar!'
Se rûnen de sulveren seal troch en doe kamen se yn in gouden seal. En dy fûn Absalon sa machtich moai, dat hy koe ynearsten gjin wurd útbringe. Op 't lêst sei er tsjin Petrus: 'Jonge, jonge, wat in rykdom! Binne der noch mear sealen?' 'Ja', sei Petrus,'kom mar!'
En sy rûnen troch dy gouden seal en kamen yn 'e diamanten seal. No, doe stie Absalon hielendal ferheard. Hy krige it te krap. En doe sei er tsjin Petrus: 'Petrus, is hjir ek in gelegenheid?' 'Jawis wol', antwurde Petrus, 'dêr yn 'e hoeke, dêr fine jo alles wat jo nedich binne'.
No, Absalon nei de hoeke en dêr wie in húske. Hy tilde it lid op—it wie noch sa'n âld spultsje—en ta syn grutte skrik seach er dêr alle parochianen ut Boekelo. Hy waard sa kjel, dat hy fleach wer fan 't húske en hy sei tsjin Petrus: 'Petrus, no sitte dêr ûnder de bril al myn parochianen út Boekelo!' 'Ja', sei Petrus, 'dat komt út—no is 't jo bar om op har te dwaan wat se fjirtich jier lang op jo dien hawwe'.

Onderwerp

AT 1738C* - Chalk Marks on Heaven's Stairs    AT 1738C* - Chalk Marks on Heaven's Stairs   

ATU 1738 - The Dream: All Clergymen in Hell.    ATU 1738 - The Dream: All Clergymen in Hell.   

Beschrijving

Drie broers gingen na een wandeling in het bos in drie afzonderlijke bootjes vissen. Alle drie kwamen niet meer levend van het water. De derde broer was de pastoor van Boekelo. Na door Petrus aan de hemelpoort te zijn ontvangen liep de pastoor door een zilveren-, een gouden-, en een diamantenkamer. Toen hij naar de toilet moest wees Petrus naar de hoek. Onder de bril van het toilet zaten zijn parochianen uit Boekelo. Nu mocht de pastoor van Petrus doen wat zijn parochianen veertig jaar met hem hadden gedaan.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.347

Commentaar

21 oktober 1977
Chalk Marks on Heaven's Stairs

Naam Overig in Tekst

Klaas    Klaas   

Absolon    Absolon   

Petrus    Petrus   

Naam Locatie in Tekst

Boekelo    Boekelo   

Pyt    Pyt   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20