Hoofdtekst
De dominy en de jonge eallju fan it steedhâlderlik hof
Der hat sa om santjinhûndert en fjirtich hinne in dominy yn 'e Grutte Tsjerke te Ljouwert stien, dat wie doe al in âldeftich man. Hy hie min ofte mear in spraakgebrek, teminsten hy spriek sommige wurden ûndúdlik út. As er op 'e stoel stie, hâlde it mei de krêft fan syn wurden dan ek net oer. Dizze dominy hie noch al slim lêst fan 'e hovelingen fan it steedhâlderlik hôf. Dat wienen jonge eallju en dy narren him altyd sa'n bytsje. Wannear't er troch de stêd rûn, koenen se it net iens litte en begekje him. Hy hie him ek al ris by de steedhâlder beklage, mar dy wist likemin as hy, hoe't er der mei oan moast.
It wienen sasear gjin tsjerkemannen, dy hovelingen, mar it hearde wol ta har plicht om de steedhâlder nei tsjerke te begelieden. Op in snein sieten se yn in ploechje byinoar op 'e kreake en doe seach er wol, dat se him hyltyd útgsniisden— dat sil wol om syn spraakgebrek west ha. lt baarnde him op 'e tonge om der wat fan te sizzen, mar hy tocht, it jout ek neat, want se stekke my iepenbier de gek oan; ik moat sjen, dat ik se op in oare manier te pakken krij.
En doe op in snein kaam de steedhâlder de middeis om fiif oere wer mei syn hovelingen yn tsjerke. Dêr hie de dominy de preek op makke. Hy preke út Hannelingen 8, oer Filippus en de Etiopiër, de hôfamtner fan 'e keninginne Kandakè. De man wie hielendal út it Moarelân nei Jeruzalem kommen om dêr te bidden.
Dominy hie, lyk as dat foarhinne wenst wie, de preek yn punten ferdield. Hy begûn sa: 'Myn ûnderwerp fan dizze middei, gemeente, is de keninklike hoveling. Fjouwer punten woe ik datoangeande mei jimme behannelje.
Dat is yn 'e earste pleats: in bûtenwenstich opmerklik feit docht him hjir foar— in hoveling dy't yn 'e bibel lêst. Dat is wol in grutte útsûndering. Mar dy man sit dêr op syn wein en lêst út Jesaja. Lit him in foarbyld wêze foar alle hovelingen.
It twadde punt, gemeente. kin ik my noch mear oer ferwûnderje. Dan komt Filippus by him, de apostel, en dy freget him, oft er wol begrypt wat er lêst. En dan seit dy hoveling: Hoe soe ik dat kinne, as net ien my paadwiis makket? Is it noch net folle frjemder, dat in hoveling foar syn únkunde útkomt? Hovelingen binne meastentiids tige eigenwiis; dy witte alles it bêst. Sikerwier in opmerklik feit.
Mar wy geane fierder, gemeente. Dêr komme wy al sa'n nuver feit tsjin in hoveling dy't genegen is om wat te learen. Ommers, hovelingen wolle neat leare, wolle neat oannimme. Mar dizze hoveling út it Moarelân komt der earlik foar út: Hoe soe ik dat witte kinne, as net ien my ûnderrjochtet?
En no kom ik ta it fjirde en lêste punt, en ik wol hoopje, dat it ek in tapassing wêze mei. It is it alderopmerklikste feit dat him yn dizze skiednis foardocht. Dy hoveling hat him bekeard en hy wurdt doopt. By myn witten komt it omtrint noait foar—ja, it komt noait foar—, dat hovelingen har bekeare.
En hjir woe ik it no mar by litte. Ik hoopje, dat de gemeente dizze preek yn omtinken hâlde wol en dat elk in foarbyld nimt oan de hoveling út it Moarelân'.
Sûnt dy tiid hawwe de jonge eallju fan it steedhâlderlik hôf de dominy noait wer pleage of útgniisd.

Beschrijving
Een dominee met een spraakgebrek wordt door de hovelingen van de stadhouder vaak uitgelachen en bespot. Toen de stadhouder met zijn hovelingen een preek bijwoonden las de dominee voor uit Handelingen 8, waarin Filipus, de apostel, een Ethiopische hoveling tot het christendom bekeert. De volgende vier punten wenst de dominee onder de aandacht te brengen: 1. De hoveling las uit de bijbel, wat uitzonderlijk was; 2. De hoveling gaf zijn onkunde toe, wat even uitzonderlijk was; 3. De hoveling wilde leren; 4. De hoveling bekeerde zich tot het christendom, wat zelfs nooit was voorgekomen. Sindsdien heeft de dominee geen last meer van de hovelingen.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.348-349
Commentaar
16 januari 1978
Naam Overig in Tekst
Filippus   
Jesaja   
Kandakè   
Moarelân   
Naam Locatie in Tekst
Leeuwarden   
Jeruzalem   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20