Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE353 - Se timmerje op jo wiif om

Een mop (boek), donderdag 24 november 1977

Hoofdtekst

Se timmerje op jo wiif om
Yn 'e iene of oare parochy stie in pastoar en dy wie tige warber. Hy kaam ek in bulte by minsken dy't net nei tsjerke gongen. Sa socht er ek al ris in man op, dy die nearne oan. Se hienen in lang petear, der kaam hast gjin ein oan. Op 't lêst sei dy man sa: 'It is in nuver spul mei jimme, pastoars. Jim trouwe ommers net; dat is my gjin stoer wurdich'. De pastoar besocht it him út te lizzen. 'Wy binne sa besteld oan'e tsjerke', sei er, 'dat wy hawwe hielendal gjin ferlet fan in húsgesin. Feitlik binne wy mei de tsjerke troud'. Dat like dy man raar ta. Hy skodholle en dêr wie it petear ek mei út.
Koart dêrnei rûn dy man by de roomske tsjerke lâns en doe wienen de timmerljudêr drok mei dwaande. It dak waard fernijd. Dy man rûn as de wjerljocht nei de pastorij. Hy sei tsjin 'e pastoar: 'Jo meie der fuort wol hinne gean, want se timmerje op jo wiif om, it is net moai mear. Men kin it withoefier hearre!"

Beschrijving

Een ijverige pastoor heeft een gesprek met een man die niet naar de kerk gaat. Het gesprek eindigt met het onbegrip voor het feit dat de pastoor niet getrouwd is. De pastoor antwoordt dat hij het te druk heeft met de kerk. Hij is in feite met de kerk getrouwd. Een korte tijd later komt de man langs de kerk en hij ziet dat timmerlui op het dak van de kerk staan te timmeren. Snel gaat hij naar de pastoor toe om te zeggen dat zijn vrouw betimmerd wordt.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.354-355

Commentaar

24 november 1977

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20