Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE354 - Wat schort er toch wel aan mijn brille?

Een mop (boek), donderdag 25 maart 1976

Hoofdtekst

Wat schort er toch wel aan mijn brille?
Yn earder tiden koenen de measte minsken net lêze. Dat wie lêstich yn tsjerke, as de gemeente sjonge moast. Psalmen koenen se dan al gau sa'n bytsje út'e holle, mar mei de gesangen foel dat ôf. Dêrom hienen se doe in foarsjonger, dy song dan earst in rigel hiel dúdlik foar en dan song de gemeente him nei. Doe hienen se op in plak ris in wat âldere foarsjonger—mooglik wie it de master—en dêr woenen se ris in fyt mei úthelje. Foar de tsjinst fisken se stikem de foarsjonger syn bril út 'e bûse en dy smarden se dik mei fet of smoar yn.
No, de foarsjonger stie foar de gemeente, hy sette de bril op, en doe sei er, mei in bulte stimferheffing, sa't er dat wend wie:

'Wat schort er toch wel aan mijn brille?
Zij is ja gans en al met vet besmeerd'.

En doe song de hiele gemeente him dat nei. De foarsjonger sei:

'Ach mensen, zijt toch stille!
Dat domme volk zingt gans verkeerd!'

Mar dat songen se him wer nei. Doe wie hy der glêd mei ôf en hy rûn mar gau fuort.

Onderwerp

AT 1832M* - Priest's Words Repeated    AT 1832M* - Priest's Words Repeated   

ATU 1832M* - Clergyman’s Words Repeated.    ATU 1832M* - Clergyman’s Words Repeated.   

Beschrijving

Uit vroeger tijden stamt het gebruik dat de voorzanger als eerste een regel zingt en de gemeenteleden zingen hem na. Op een keer kwam het voor dat de bril van een wat oudere voorzanger met vet en smeer werd besmeurd. Toen de voorzanger dit opmerkte zongen de gemeenteleden zijn woorden na. Hij ging er maar snel vandoor.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.355

Commentaar

25 maart 1976
Priest's words repeated

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20