Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE364 - Dat wit dy hûn net

Een mop (boek), donderdag 18 september 1975

Hoofdtekst

Dat wit dy hûn net
In dominy en in âlderling wienen tegearre op húsbesyk. De âlderling wie in beskieden, fatsoenlik man. As se by in lid fan 'e gemeente oan it stekje ta wienen, sei er: 'Dominy mar earst', en dan naam dy de foargong. Mar op in kear kamen se foar in boerehiem en dêr stie in buordsje: Tink om 'e hûn! De âlderling woe dominy wer foargean litte, mar oan 'e oare kant fan it brechje oer de grêft stie de grutte dútske herder al. Dy hie in pear fûle eagen yn 'e kop en hy grânzge. Doe woe dominy de âlderling dan wol foargean litte, mar dy skytskoarre der ek tsjinoan. 'Maar broeder', sei dominy op't lêst,'hebt u dan geen geloof?'
'Jawol', sei de âlderling, 'mar dat wit dy hûn net'.

Beschrijving

Een dominee en een ouderling gaan op huisbezoek bij gemeenteleden. Uit beleefdheid laat de ouderling de dominee altijd voorgaan. Toen de twee echter werden opgewacht door een grote Duitse herdershond liet de dominee de ouderling voorgaan. De ouderling weigerde, waarop de dominee vroeg of de ouderling dan geen geloof had. De ouderling had wel geloof, maar dat zou die hond niet weten.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.360

Commentaar

18 september 1975

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20