Hoofdtekst
Se ferfrieten inoarren
As jonges snoeiden wy in bulte op oarmans hiem om. Wy wienen aardich op 'e hichte mei de boerehûnen yn 'e omkrite. Wy wisten moai skoan, wêr't wy in bytsje feilich op 't hiem komme en wêr't wy net ferskine koenen. Foaral mei it hofkesjongen skeelde it in hiel stik, oft der in hûn wie of net.
Der wie ien boer, dy hie noch al in bytsje de dief oan 't gat en dêr hie er in hiemhûn neffens. De folksmûle makke dy hûn ta in ferskuorrend beest, dat elkenien bleau wol op in feilige distânsje. Dy boer mocht der sels ek graach in spuontsje mei ûnder stekke—ûnder dy ferhalen. As lytse jonkjes leauden wy dat ek noch, mar letter seinen we tsjininoar: 'Sjoch, dat is dy man mei de sterke hûneferhalen'.
By dy man stie sa'n buordtsje fan 'Wacht u voor den hond', of 'Tink om 'e hûn'. De hûn wie hiemfêst, allinnich as der in oare hûn op 'e dyk rûn, dan koe er it net litte en gean bûten syn boekje. Dan gong de natuer boppe de lear.
Dy boer kaam wol by ús en dan fertelde er ek wol fan 'e hûn—hy hat dy en dy biten en sawathinne. Op in kear hie er ek wer in hiel ferhaal, hoe mâl as it der om wei gongen wie. 'En doe tocht ik', sei er, 'it giet krekt sa mei him as mei ús foarige hûn'. En wy mar harkje. Oft de boer dan nóch lilker hûn hân hie, woenen wy witte.
`Ja', sei er, 'dy foarige doarst der noch better wêze. Mar doe kaam der ris in oare hûn en dy beide dy stienen inoarren en dat gong op in fjochtsjen. Ik ha noch besocht om der tusken te kommen—want sjoch, as jo ien fan beiden mar in klomp yn 'e bek krije kinne, dan kin er net mear bite, en de oare wól dan net mear bite. Mar dat mei de klomp slagge my doe net, en gjin mins dy't der mear wat oan dwaan koe.
Se ha salang meiïnoar fochten, dat der gong al in ear ôf, en op 't langelêst in poat, en noch in poat. De hiele saak gong der oan—se ferfrieten inoarren. It wie net normaal mear. By eintsjebeslút wienen der noch mar twa sturten oer, ja inkel de punten fan 'e sturten, en dy wipten noch altyd tsjininoar op'.
Doe krige de boer in nije prûm, hy loek de pet noch efkes skean en hy joech him ôf.

Onderwerp
VDK 1889Z* - Twee dieren eten elkaar op   
Beschrijving
Een boer schept op over zijn vorige hond. Tijdens een hondengevecht hadden zijn hond en een andere hond zich doodgevochten. De honden hadden alles van elkaar opgegeten behalve de staart.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.374-375
Commentaar
19 december 1977
Twee dieren eten elkaar op
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20