Hoofdtekst
De nije fyts
Te Grou wenne in man, dy syn foarnamme wie Lolke. Hy koe aardich stâle, dat hy waard wol Lolke Liger neamd. Ien fan syn glânsferhalen wie ditte.
Op in kear hie er in nije fyts krige. Hy ried der op nei Ljouwert, die dêr syn boadskip en fytste werom. Underweis tocht er, de loft wurdt der net moaier op, en doe't er oan Jirnsum ta wie, begûn it oatmoedich te reinen, dat hy sei tsjin himsels, no moat 'k avenseare!
'En ikke de sokken der yn', fertelde er dan, 'en doe klettere it efter op myn pakjedrager, mar sels bleau ik de bui justjes foar. En by it Grouster stasion dêr slacht my de wjerljocht op it nikkelen stjoer. En omdat ik op gloednije rubberen bannen ried, woe dy wjerljocht der net wer ôf. Dy bleau op myn stjoer sitten.
Ik kaam yn Grou en doe hie 'k noch sa'n gong, dat ik bin trije kear om it Grien flein, en doe hong ik sa yn 'e bocht, dat ik hie de earmtakke út 'e loftermouwe'.

Onderwerp
VDK 1967* - De bui voorgebleven   
Beschrijving
Een man staat bekend om zijn sterke verhalen. Met zijn nieuwe fiets had hij een boodschap in Leeuwarden gedaan en onderweg naar huis werd hij getroffen door een regenbui en sloeg de bliksem in zijn stuur. Tijdens zijn tweede tocht ging hij uit de bocht en kreeg hij een gat in de mouw op de plaats van de elleboog.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.375
Commentaar
4 september 1978
De bui voorgebleven
Naam Overig in Tekst
Lolke Liger   
Grien   
Naam Locatie in Tekst
Grou   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20