Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE387 - It snoade hynder

Een mop (boek), woensdag 18 oktober 1978

Hoofdtekst

It snoade hynder
Lytse Johannes, destiids boer op Sytebuorren, wie ferneamd om syn sterke stikken. De frou wie famylje fan ús mem. As dat folk ien kear jiers in gearsit hie, dan gong it der om wei. Se koenen soms net mear fan it laitsjen. Altyd hie Johannes wat oars. As er dan in leugen fertelde en hy koe der net út komme, dan sei er tsjin 'e frou: 'Toe Bet ju, sis do it ris fierder'. Dan liigde sy fierder. Syn heechwetterferhaal is yn 't ûnthâld fan 'e minsken hingjen bleaun.
Op in jûn hie er nei in gearkomste west—ik tink hast fan yn Wergea, mar dat wit ik net. Doe't er ûnderweis nei hûs wie, reinde it dat it easde en it waaide dat it rikke. Hy wie sawat op 'e Tútse en doe koe er net droechfoets mear rinne, sok heech wetter wie it wurden. Mar dêr kaam in boatsje oan driuwen. Dêr siet gjinien yn. 'Dat is myn slach!' sei er en hy der yn. Dat boats je brocht him kreas thús. It wie in foech wonderboatsje—sa wie dat mei al syn ferhalen.
Doe kaam er dan thús en hy foer oan 'e doar ta. Hy die de doar iepen en dêr strûsde it wetter nei binnen ta. Dat hy foer mei 't skouke en al oan 'e bedsdoarren ta. Hy sei: 'Sisoa, Bet, dêr bin 'k al'. Bet sei: 'It wie needwaar'. 'Ja bern', sei er, 'it wie need'. 'Ik lei hjir wol goed droech', sei se. 'Ja, dat leau 'k wol, mar no is 't allegear wetter'.
Hy makke de skou fêst en hy kroep moai by har yn 'e weach. It duorre in skoftke, doe sei se: 'Do meist der doch wol even ôf en sjoch, wat der efter bart, want it is sa'n leven!'
No, hy foer mei it skouke nei de skuorre—ja, dêr kaam him de happe tsjin. Doe hie dy de feint syn learzens oan. Johannes sei: 'Och heden, leave beest, no wurde dyn oare poatsjes noch wiet! Ik sil dy noch in pear learzens ophelje'. Hy socht syn eigen learzens op, it hynder stapte der yn en sa koe it moai alle fjouwer poaten droech hâlde.

Beschrijving

Een man genaamd Johannes vertelt een sterk verhaal. Tijdens een overstrooming doet hij zijn paard vier laarzen aan zodat het paard droge voeten houdt.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.375-376

Commentaar

18 oktober 1978

Naam Overig in Tekst

Johannes    Johannes   

Bet    Bet   

Naam Locatie in Tekst

Sytebuorren    Sytebuorren   

Wergea    Wergea   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20