Hoofdtekst
Brusselsk kant
Jan Helfrich, in fiskerman út Warten, hat my, doe't ik in jonge wie, ris in ferhaal ferteld oer Djurre Baaie, dy't sa almeugend pankoekbakke koe. Pankoeken bakte se, safolle mânsk wol as kroadetsjillen. De grutste iters, bygelyks slatters of polderjonges, mochten har fertoane sa't se woenen, mar sa'n ding koenen se net strûze. Mar Baaie koe 't ek oars. Fan 'e fynste prikjes makke se dan in fjoer. Gleon, poerhjit. En dan mei in hiel plat pankoekspantsje, in naairingfol besleek der yn, aaide se hiel efkes oer it fjoer hinne. Dat wienen pankoeken, neffens Jan, as reach sa fyn. Men koe de krante der wol trochhinne lêze. As men dêr oer gear rekke, kaam jin it wyt fan 'e eagen foar, sa lekker wienen dy.
Op in kear—it wie nei de ûngetiid—siet Baaie wat yn 'e Iytse loege. Der wie in brief kommen fan 'e lânhearre, dat hy en de frou soenen har in besite bringe, de oare deis al. No kaam sa'n lânhearre, en syn frou likemin, Djurre en Baaie net gau oer 't mad—alles wie by har yn 'e pronk en yn 'e es, mar oh hearkes—de gerdyntsjes foar de kowefinsterkes wienen eins wat te raffelich.
Mar Baaie-muoi wie beret. Hja hat it fjoer opstookt en pankoekjes bakt, as gaaskes sa fyn. Doe't se alve bakt hie, hat se dy dinkjes moai foar de kowefinsterkes figuerd—it wie krekt, oft men floddermûtsekant oanskôge.
Doe't de gasten wer ôfreizge wienen, sei de lânfrou tsjin lânhearre: 'Nuver is 't— Baaie hat in Earnewâldster matte oer de flier, mar Brusselsk kant foar de kowerútsjes'.

Beschrijving
Jan Helfrich vertelde een verhaal over Djurre Baaie, die flinterdunne pannenkoeken bakte. Op een dag kwam de landheer met zijn vrouw op bezoek. De gordijntjes voor het raam waren echter gerafeld. Baaie bakte toen zijn flinterdunne pannenkoeken en zijn vrouw hing ze als Brussels kant voor het raam.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.377
Commentaar
29 januari 1973
Naam Overig in Tekst
Jan Helffrich   
Djurre Baaie   
Naam Locatie in Tekst
Warten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20