Hoofdtekst
Mist
'Ik ha 't ris hân', fertelde Feie Tabes op in sneontejûn yn 'e skearwinkel, 'doe wie it sá mistich, sá tsjok, as ik my yn 'e hoksen delsakje liet, dan siet ik der finaal op. Wy wienen oan 't riidútsnijen yn Ale seize, dy jonge fan Pabe Tyt en ik. Dat wie in slaai fan in jonge, mar sa loai as in hynstebult.
Dy jonge seach my dêr sitten op sa'n sêfte mistbank. Nofliker ha 'k noait sitten, as yn side siet ik. Sitte wie dy jonge noch net moaiernôch—hy gong lizzen. Dêr lei er op'e rêch op dy tsjokke mistbank, krekt as op in bêd.
Ik sei al: Pas op, heite! Der hoecht mar in bewyske fan in sigentsje te kommen en do driuwst fuort. En dan hjir fuort by dy sompen . . . Yn'e goedichheid, bliuw mei de fuotten oan 'e grûn, of hâld dy oars fêst oan 'e gripe'.
Mar nee, net harkje. Omkoal wist it better. En ynienen, dêr wie 't al sa. As in skime dreau er fuort, mei mistbank en al, de kant út fan 'e sompen fan Wytse Pite fean. Samar waard er wei, ik hearde him earmoedzjen en jammerjen. Ik rôp noch: Oerein, fint, oerein! Mar fansels, it wie te let, hy foer al boppe it ûnlân.
Efkes letter hearde ik in plof en doe wist ik it oare wol. 'Ik sit oan 'e galgen ta yn 'e sompe!' hearde ik him roppen, 'wat kant moat ik út?'No, doe ik mar roppe: ik wie syn misthoarn om samar te sizzen. Sa is er op my ôf avenseard, klauwende- en baggerjendewei.
Hoe't er der út seach! Hy koe mar nei hûs ta kroaskje om droege klean'.
'En ik ha 't ris hân', fertelde Kei fan Djurre Luts dyselde sneontejûns yn 'e skearwinkel, 'doe hie 'k de dykskavel fan Jelle Fetses oannommen te skytbûtsen. Foar in sipel en in snipel, mar hawar, sûnder wurk komme der gjin Hallumer giele op'e panne.
De moarns betiid, ik der hinne. Oan 'e klok te sizzen wie it oan 't sinneopkommen ta, mar men seach neat, sa tsjok mistich wie 't. Minsken, men koe skean tsjin 'e mist oanhingje, dan bleau men noch stean, en men moast om 'e earmtakken sykje.
Ik woe mei 't foarste perseel begjinne, oan Jelmersreed. It hie frijwat fuotten yn 't gat om de daam te finen; en om in skytbult op 'e kuer te krijen, dat spande der hielendal om. Men moast hast mei de noas op 'e grûn, oars seach men dy platte pankoeken net. Dit komt my tefolle op'e rêch en de hoksen oan, tocht ik, ik lit dy slanterige stealtsjes dy't hoklingen en gerskeallen der delsiedde ha mar lizze en ik nim earst de grutte bulten. De mânske stealen, dy soe 'k reagje.
De toersklok hearde ik njoggen oere lieden, mar it Iûd woe it fjild hast net oer, mei lijen kaam it troch de mist en it hearde as sieten der lapen om 'e bingel.
Yn 'e skeante fan in fuorge skimere my in grouwe bult foar de eagen. Ik klapte de foarke der boppe-op en soe de boelútinoar bûtse, mar o danich! Wat wie my dat? Hie 'k my dêr net in dikke hazze yn 't leger kroandea slein! As in lange lape lei er foar my yn 'e mist. Dat wie in dûbeltsje tusken de sinten. Om tsien oere hie Halbe frachtrider him yn 'e karre en de jûns brocht er myn wiif tsien skellingen skjin jild thús'.

Beschrijving
Twee mannen gaan schaatsen toen er een dikke mist opstak. Eén van de mannen valt op de misbank in slaap. Op de mistbank drijft de man naar een moerassig gebied. Hij valt van de mistbank en zijn vriend roept hem zodat hij wel de weg terug weet.
Een man ging tijdens dichte mist mest van een mestvaalt ophalen. Door de mist kon hij de mest niet goed zien. Toen hij dacht een grote hoeveelheid mest in zijn vork te hebben geprikt, bleek het een morsdode haas te zijn. Een grote vangst van wel zestig stuivers.

Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.379-380
Commentaar
29 januari 1973
Naam Overig in Tekst
Feie Tabes   
Pabe Tyt   
Kei fan Djurre Luts   
Jelle Fetses   
Jelmersreed   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20