Hoofdtekst
It ein balke yn it dwersgat
Fier efter yn 'e Petten, earne yn 'e omkriten fan Nij Beets, dêr húsmanne Douwe Lap, in man dy't wat turfmakkerij hie. Hy stie der foar bekend, dat er in goed ferhaal stâle koe.
Dy Petten dat wie útfeane klynlân, allinne fan dy stripen lieten se dan sitte. Mar as de turf ferfearn wurde moast, dan groeven se hjir en dêr in dwersgat troch sa'n stripe, dêr't se mei de bok troch koenen.
Douwe Lap fertelde: 'Dan hie ik oer dat dwersgat altyd in dikke post lizzen. Dy wie net sa geef mear, dat ik hie dêr foar steun wer in lange balke ûnder lein. Yn alle gefallen, ik koe der oer.
Kom ik dêr op in moarn—hienen dy smoarge jonges my dy post der net ôf goaid! Dat dy dreau op 'e oare kant fan 'e pet tsjin 'e reiden. De balke hienen se ferrinneweard. Dêr miste in ein ôf, mar it oare stik lei noch yn 'e langte yn dat dwersgat. Fansels, dat wie te koart—ik koe it oan myn kant net rikke en it wie ek like fier fan 'e oare kant ôf. Ja, ik moast der doch oer. Ik tocht, witt'je wat? Ik jou my wat op, dan nim ik in oanrin, ik spring op dy balke, rin meiïens hurd troch en dan helje ik de oare kant fan 'e stripe wol.
Dat die ik. It slagge ek; ik kaam krekt mei droege hakken oer it gat. Ik wie der oer —en sloech my dy balke net mei in sturt! Sa'n grouwe snoek hie dat west'.

Onderwerp
AT 1960B - The Great Fish   
ATU 1960B - The Great Fish.   
Beschrijving
Het bruggetje van een turfboer wordt vernield. Hierdoor kan hij zijn turf niet vervoeren. Om nu toch aan de andere kant te komen gebruikt hij een stok. Met een aanloop springt hij met de stok over het dwarsgat tussen het turf.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.380
Commentaar
4 september 1978
The Great Fish
Naam Overig in Tekst
Douwe Lap   
Naam Locatie in Tekst
Petten   
Nij Beets   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20