Hoofdtekst
Baas van der Velde te Achlum, dy wenne oan 'e feart, flak by de slûs yn 'e Slachte— Smids Syl hjit dy slûs dan ek. Wy neamden him Baas-ik-sis, want hy prate altyd op dizze manier: 'Dy seine is echt Sweedsk stiel—ik sis echt Sweedsk stiel'. It wie in bêste fakman. Hy stie bekend om de terpboaren dy't er makke. Iksels haw terpgraver west. Men moast in terpboar fan Achlum hawwe, of ien fan Skukken fan Tsjerkwert. In terpboar moast net te hurd wêze, want dan spatten der hoeken út; hy moast ek net te sacht wêze, want dan gong er omlizzen.
Dy smid hie in hoekje greide, it wie net folle mear as in grutte bleek. Dat hoekje greide hie er meand en it gers kaam yn 'e oper en doe oan in foech blokje, no ja, in blokje koe it net iens hjitte, sa behyndich wie it. Mar dat guod skynde pittich te wêzen, teminsten it broeide gâns.
Om in lang ferhaal koart te meitsjen: dy jûns let, baas stie noch efkes bûtendoar, doe kamen de buorlju en seinen: 'Baas, jo blokje hea stiet yn 'e brân!' 'Wel, de deale noch ta', sei baas, 'dat is net bêst, myn skoandere wintertarring'.
Baas koe oars neat fine as in traaljekoer, dêr't er dan oars mei turfhelle. Hy sei: 'No, hjir moatte wy mar mei wetterskeppe, minsken! Gau oan 'e gong, ien man by de feart en dy jout it de oare mar oer'. Ja, en it slagge har ek noch om dy brân út te krijen.
Op't lêst sei baas: 'Hea, wat driuwt dêr by de syl?' 'Ja', sei syn buorman, 'dat is in slypstien'. 'Dy moatte wy der út helje', sei baas, 'dy kin 'k skoan brûke yn 'e smidte'.
Baas hat it mysels ferteld.
Onderwerp
AT 1930 - Schlaraffenland   
ATU 1930 - Schlaraffenland.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Zie onder Beeld een foto van Tjeert van der Velde, smid te Achlum, ook bekend als Baas-ik-sis.
Naam Overig in Tekst
Van der Velde   
Slachte   
Smids Syl   
Sweedsk   
Skukken   
Tsjerkwert   
Baas-ik-sis (Baas-ik-zeg)   
Naam Locatie in Tekst
Achlum   
