Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ypfoe404 - It bôchje

Een mop (boek), dinsdag 14 december 1971

Hoofdtekst

It bôchje
Op in kear moast Feitse Brants de moarnes om njoggen oere by it kantongerjocht op 'e Sweach wêze. Se reizgen foarhinne altyd geandefoet fansels, dat ier en betiid stiek er ôf. It wie yn 't hertsje fan 'e winter en it frear dat it ongele. Hy hie knap theedronken, dat ûnderweis moast er wetter kwyt. Hy gong oan 'e kant stean en liet it rinne. Op 'e Sweach sei de rjochter al: 'It friest grif sterk, want wy kinne gjin blommen mear fan'e glêzen krije'.
'Mar doe kaam ik werom', sei Feitse, 'en ik tochte, wat stiet dêr by it paad? En doe kaam ik neier, en ferduld, dêr stie my it bôchje noch dat ik op 'e hinnereis pisse hie. It wie befêrzen'.

Onderwerp

VDK 1889x    VDK 1889x   

Beschrijving

Als Feitse in de winter buiten plast, bevriest de urinestraal.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p.387

Commentaar

14 december 1971
De bevroren urinestraal

Naam Overig in Tekst

Feitse Brants    Feitse Brants   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20