Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ypfoe406a - De pet

Een mop (boek), donderdag 14 december 1978

Hoofdtekst

De pet
Oan 'e Grêft ûnder Warten hat in komelker wenne, Jelle de Wal, dy wie ferneamd om de sterke stikken dy't er fertelle koe en der't er sels altyd de held fan wie. Jelle wenne op it âlderlik spul, earst mei heit en mem en in broer en suster. Mar doe't de âlde lju ferstoaren en de suster der út troude, bleauwen hy en syn broer Rintsje dêr wenjen. Se belibben fan alles tegearre, dêr yn 't wetterlân, alderraarst, mar as men earst in ferhaal fan Jelle heard hie, en men hearde Rintsje der neitiid fan fertellen, dan bleau der in benaud lyts bytsje fan oer. Alles wie sa gewoan yn Rintsje syn ferhalen, mar Jelle sines meie de Wartensters ek no noch graach ophelje. Syn prestaasjes op it stik fan roeien wienen wat hiel besonders, as men him hearde, mar hurd rinne koe er ek. Hy berûn in hazze, doe't er yn 'e fleur wie. Hy pakte ek wol ris ien.
Jelle kaam net folle fan honk. Ja, wol yn Warten en Grou, en ek wol te Earnewâld. In freedsloop nei stêd wie der fansels ek wol by. Doch wie er neffens syn eigen ferhalen hast like bekend as dy Brandsma en dy Tiemersma, dy't bekender wienen as de paus. Jelle wie ris mei op in ekskurzje fan boeren fan'e Fryske Mij nei Noard-Hollân. Yn Ooster-Blokker beseagen se in ferneamd beslach fee. Jelle stie yn 't bûthús oandachtich nei de kij te sjen. Ynienen hearde er in frouljusstim njonken him: 'Bêste kij, de Wal, h'n!' 'Ja', sei Jelle en hy seach fansiden. Dêr stie prinses Beatrix njonken him. 'Prate dy dan Frysk?' fregen se Jelle, doe't er dat fertelde. 'Jawis', sei er, 'dat sil ik jim fertelle. Se kamen gauris by ús yn 'e polder, alle prinsessen. En dan hienen wy se ek wol ûnder de kij. Se koenen knap melke, sa faak kamen se hjir mei 'De Groene Draeck'. Se hellen molke by ús. Sadwaande begûn se tsjin my oer dat fee. Se hie aardich ferstân fan kij—we ha in hiel skoft tegearre buorke'.

Beschrijving

Op een excursie naar Noord-Holland spreekt Jelle de Wal met prinses Beatrix. Die spreekt Fries, want ze kwam vroeger met 'De Groene Draeck' naar Friesland en hielp met melken. Daarom heeft ze nu verstand van koeien.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 387-8

Commentaar

14 december 1978

Naam Overig in Tekst

Grêft    Grêft   

Jelle de Wal    Jelle de Wal   

Rintsje    Rintsje   

Wartensters    Wartensters   

Brandsma    Brandsma   

Tiemersma    Tiemersma   

Fryske Mij    Fryske Mij   

Noard-Hollân    Noard-Hollân   

Ooster-Blokker    Ooster-Blokker   

Frysk    Frysk   

Beatrix    Beatrix   

De Groene Draeck    De Groene Draeck   

Fries    Fries   

Naam Locatie in Tekst

Warten    Warten   

Grou    Grou   

Earnewâld    Earnewâld   

Noord-Holland    Noord-Holland   

Wartena    Wartena   

Eernewoude    Eernewoude   

Grouw    Grouw   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20