Hoofdtekst
Jelle praat Italiaansk
Al in jier of wat efterinoar wie dêr in man kommen en dy socht it iene of 't oare yn 'e Polder. No en dan krige er wat fan 'e grûn. Op in simmer wie hy der wer en Jelle tocht, no moat ik doch in kear witte, wat dy man dêr efter yn 'e Polder docht. Jelle der hinne en hy begûn mei dy man te praten.
'Ik ferstie him earst net', sei Jelle, 'mar ik krige al gau foar 't ferstân, dat er Italiaansk prate. En dat Italiaansk hie ik al ridlik gau ûnder de slach. En och, hy koe ek al in pear wurden Frysk, en fierder gong it mei hannen en fuotten. Dat wy koenen it skoan pratende hâlde. Doe die it bliken, dy man wie professor yn 'e medisinen en hy socht dêr plantsjes, geneeskrêftige krûden. Dêr moast er foar by ús yn 'e Polder wêze, want dy wienen oars nearne yn 'e wrâld te finen'.

Beschrijving
In de Polder komt elk jaar een Italiaan. Hij is professor en bestudeert geneeskrachtige kruiden die alleen in de Polder voorkomen. Jelle spreekt hem aan en heeft al snel het Italiaans onder de knie.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 391
Commentaar
14 december 1978
Naam Overig in Tekst
Jelle   
Italiaansk   
Italiaans   
Frysk   
Fries   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20