Hoofdtekst
De fjoerbol
Yn 'e krante stie in foto fan in jongfaam, te Ljouwert, dy hie by swier waar in fjoerbol (bolbliksem) sjoen. 'Dat ha wy ek belibbe', sei Jelle, 'dat binne mâle dingen. Wy wennen hjir noch te Warten oan 'e reed. Doe waard de loft ynienen striemin, sa swart, dat it wie der tsjuster oer, midden op ljochtskyndei. Heit sei tsjin mem: Do meist it guod wol fan 'e line helje. Wy dienen it meiïnoar, mar dêr komt in stoarm, in stik waar, ferskriklik! En ynienen—dêr is in grutte fjoerbol, op dy line! Hy set hinne en wer op dy line, krekt as kin hy der net ôf komme.
No, dat wie goed . . .' Dat sei Jelle altyd, as er stâlde; dat joech him even tijd. Dan seach er wakker gleon, hy moast him in amerij betinke. 'Dy fjoerbol rûn de line op en del, mar wy sieten der mei, no? Wêr moasten wy mei dat ding hinne? Doe rûn er by de linepeal del, en by de skoarre del, en doe wie er op 'e grûn. Mar yn 'e goedichheid, wêr moesten we mei dat ding hinne?
No, dat wie goed . . . Wy hawwe him meinommen, de reed del, nei 't tsjerkhôf. Wy hawwe in omgong mei him dien, in slach om 't tsjerkhôf, en doe ha wy him begroeven yn 'e feart, fersûpt, sis mar. Hè, hè! Doe wienen wy fan him ôf'.

Onderwerp
SINLEG 0023 - Lichterscheinungen   
Beschrijving
Een bolbliksem komt op de waslijn terecht en rolt heen en weer. Dan komt deze via de paal omlaag op de grond. Men besluit om de bal mee te nemen, de weg af richting kerkhof en hier in een vaart te begraven, te verdrinken als het ware.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 391
Commentaar
2 oktober 1978
Lichterscheinungen
Naam Overig in Tekst
Jelle   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20