Hoofdtekst
Jelle de Wal oer Wytse Jager
Ferhalen oer Wytse Jager fan 'e Saiter, de grutte hynstedresseur, en oer dat ferneamde hynder Jonker hawwe jo grif wol heard. Mar Jager hat net allinnich mei Jonker it lân troch west, en foarstellingen jûn yn it sirkus Wohlschläger. Wytse Jager hat ek noch in hynst hân, Nelson, en ek in soarte fan kêdde, Cadeau. Dat wie sa'n smearlap, dat de eigner him oan Jager kado jaan woe, as dy him yn 't lân krije koe. Dat slagge him en doe hat er it beest dy namme jûn.
It is bekend, dat Jonker en Nelson tegearre yn 't sirkus mei in servet foar by de tafel sieten te iten. Jelle de Wal mocht ek graach oer Wytse Jager fertelle. Dy hie op 't lêst dingen dien, lyk as Jelle se allinne mar yn syn fantasy belibbe. Mar Jelle lei der altyd in skepke op. Ek by him sieten Jonker en Cadeau by de tafel, en hy makke it fansels noch justjes moaier as it west hat. 'Dy beide hynders', sei er, 'hie Wytse Jager op 't lêst safier, dat dy sieten elk oan in kant fan 'e tafel mei in servetsje foar en se ieten mei mes en foarke. Dy hienen se yn'e foarste poaten'.
Jager hie, neffens Jelle, ek hûnen kunstjes leard. En as der ris in gearsit by him thús wie, dan klom ien fan dy hûnen efter de piano en spile it Wilhelmus.

Beschrijving
Wytse Jager is paardendresseur in een circus. Er gaan verschillende verhalen de ronde over de kunsten die hij vertoont. Een hengst had hij gekregen van een man, omdat het dier zo onhandelbaar was. Bij een kunst zat de hengst samen met een ander paard aan tafel met een servet om. In Jelles versie van dit verhaal zitten twee paarden aan tafel, met een servet om en zij eten met mes en vork, die zij in hun voorpoten vasthadden. Daarnaast vertelt Jelle dat een van de paarden, als er een bijeenkomst thuis was, achter de piano ging zitten en het Wilhelmus speelde.
Bron
Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 391-2
Commentaar
2 oktober 1978
Over Wytse Jager en zijn paarden zie ook Waling Dykstra. Uit Friesland's Volksleven van vroeger en later. 2 dln. Leeuwarden z.j. [1896], p. 300-302.
Naam Overig in Tekst
Jelle de Wal   
Wytse Jager   
Saiter   
Jonker   
Wohlschläger   
Nelson   
Wilhelmus   
Naam Locatie in Tekst
Cadeau   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20