Hoofdtekst
Der wie us in man, dy roan troch de wyldernis. Doe kom der in hiele greate liuw lyk op him ta. Hy tochte: "Nou gean ik dea." Hwant hy hie hielendal neat by him, dêr't er him mei fordedigje koe.
Mar dy liuw bleau foar him stean en die de poat omheech. Dy wie alhiel opswold. En doe seach de man, dat der in toarne yn siet. De man helle de toarne der gau út en die skjinne wynsels om 'e poat hinne. Doe gong de liuw wer fuort.
Nei forrin fan jierren woarde dyselde man foar straf yn 'e liuwekûle smiten omdat er hwat dien hie tsjin 'e wet.
Der kom fuort in greate liuw op him ta, mar ynpleats dat dy him hwat die, bigong er syn hân to slikjen. It wie deselde liuw, dy't er yndertiid holpen hie. It beest koe him der wer fan.
Deselden dy't him straften founen dit sa singelier, dat doe ha se him de frijheid jown.

Onderwerp
AT 0156 - Thorn removed from lion's paw (Androcles and the lion)   
ATU 0156 - Androcles and the Lion   
Beschrijving
Leeuw bij ontmoeting in wildernis met man alleen zijn poot omhoog. Die is gezwollen door een doorn. Nadat de man de doorn heeft verwijderd en de pootheeft verbonden verdwijnt de leeuw. Jaren later wordtt de man in een leeuwenkuil geplaatst. De leeuw die op hem afkomt, herkent hem en begint zijn hand te likken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 33, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Motief
B381 - Thorn removed from lion‘s paw (Androcles and the Lion).   
Commentaar
4 mei 1966
Thorn Removed from Lion's Paw (Androcles and the Lion)
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21