Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ004908

Een sage (mondeling), dinsdag 14 juni 1966

Hoofdtekst

Japik Broersma dy hie in broer, dy hiet fan Tsjerk. Dy wie op in kear yn 'e kroech to Feanwâlden. 't Wie Feanwâldster merke. Doe siet dêr in ploechje Westereinders yn dy kroech, dy soenen Tsjerk to liif. (Tsjerk wenne yn Kollum) Sy hienen Tsjerk al twa kear oer de flier hawn en 't like net bêst. Doe helle de spylman Japik gau op. Japik kom. Hy krige de Westereinders twa by twa en brocht se by de útdoar, dêr't de plysje se noch in slach mei de gummiknuppel forkochte. Se lieten har troch Japik as lamkes liede. Hy hie yn in omsjoch mei 't folkje ôfweefd. 't Wienen meielkoar sechstjin man. Doe sei er tsjin 'e plysje: "Nou ha 'k ek noch hwat yn 'e bûse." Hy helle sechstjin skearmessen to foarskyn.
Fjirtsjin dagen letter fielden de Westereinders noch hwer't Japik har beet hawn hie. Dêr sieten blauwe plakken.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Japik Broersma had een broer Tsjerk. Die was een keer in de kroeg in Veenwouden. Daar was een ploegje van zestien Westeinders die Tsjerk te lijf gingen. Toen werd Japik gehaald. Hij heeft de Westeinders twee bij twee naar de deur gebracht waar de politie ze nog een slag met de knuppel verkocht. Hij haalde ook ineens zestien scheermesjes tevoorschijn. Veertien dagen later voelden ze nog waar Japik hen had beetgehad.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 49, verhaal 8

Commentaar

14 juni [1966]
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Japik Broersma    Japik Broersma   

Tsjerk Broersma    Tsjerk Broersma   

Westeinders    Westeinders   

Naam Locatie in Tekst

Veenwouden    Veenwouden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21