Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ006712

Een sage (mondeling), dinsdag 12 juli 1966

Hoofdtekst

Der wenne ergens in kreaze faem. Mar it praetsje gong dat dy faem in forboun mei de duvel hie, en dat se tsjoene koe.
Der wenne in feint yn it doarp, dy woe dat wolris better wite. Op in snein to-joun sette hy de stap der ûnder en gong nei it hûs ta, dêr't dy faem wenne. Hy kloppe oan en de faem die iepen. Sy noadige him der yn.
Doe't er in skoftsje by har sitten hie, gongen se to kuijerjen. De âlde lju rekken fan kant.
Doe't se even letter togearre wer yn 'e keamer sieten, sei de feint tsjin har: "Tsjoene, dat is dochs mar in forduld moai spul. Ik woe 't wol graech leare."
"Wolstû 't graech leare?" frege se.
"Ja", sei er.
"Nou dan," sei se, "dat kin ik dy wol leare. Mar dan matst it opperwezen forwinskje, alhielendal."
Mar de feint sei lûd: "Dan forwinskje ik de duvel mei syn hiele oanhang."
Doe wie it krekt as rekke de faem as in stik fjûr by him wei. Hy naeide gau út en hat der noait wer west.

Beschrijving

Van een vrouw wordt gezegd dat ze een verbond met de duivel heeft en dat ze toveren kan. Een jongeman wil hier meer van weten. Hij gaat naar de vouw toe. Zij laat hem binnen. Hij vraagt haar hem te leren toveren. Ze zegt dat hij dat leren kan als hij het opperwezen verwenst. De jongeman verwenst de duivel en zijn aanhang. Het lijkt alsof de vrouw als vuur bij hem weg brandt. Hij vlucht weg en is niet meer teruggeweest.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 67, verhaal 12

Commentaar

12 juli 1966

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21